Betinking Kneppelfreed

16 novimber 1951 – 16 novimber 2001

Gemeente Ljouwert

 


Ynhâld:

 

Wurd foarôf

 

Taspraken

1.      Wolkomstwurd

Drs. A.A.M. Brok, wethâlder kultuer fan de gemeente Ljouwert                                             

2.      Kneppelfreed 16 novimber 2001: presintaasje fan it programma

Drs. J. Liemburg, boargemaster fan de gemeente Littenseradiel,

foarsitter Provinsjale Kommisje Jier fan de talen, deifoarsitter

3.      Kneppelfreed, inkelde bespegelingen 

Drs. P.R. Boomsma, skriuwer fan it boek ‘Kneppelfreed. Gevecht om de taal

met wapenstok en waterkanon’ en kommunikaasje-adviseur by de Plysje Fryslân.

4.      Kneppelfreed: in aktueel ferhaal fan ûngelikense partijen

Dr. P. Hemminga, bestjoerskundige Fryske Akademy Ljouwert

5.      Kneppelfreed in Europees perspectief

Drs. G.M. de Vries, steatsekretaris fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes

6.      Trije monologen

Romke Toering, Frysk teaterselskip Tryater

 

Taheakke

1.      Programma Betinking Kneppelfreed 16 novimber 1951 – 16 novimber 2001 yn it Paleis fan Justysje te Ljouwert

2.      Demonstraasje

3.      Wat bliuwt,  en dan noch dit…

4.      Parseberjochten  

5.      Kolofon    

                                                                                                                       

Werom / boppe

Wurd foarôf

Op freed 16 novimber 2001 is yn it Paleis fan Justysje te Ljouwert Kneppelfreed betocht, dy deis krekt fyftich jier lyn. By dy betinking wiene sa’n 175 gasten oanwêzich; derûnder ek  âld-feedokter Van der Burg en inkelde oare aksjefierders fan doetiids.  De betinking wie organisearre troch de gemeente Ljouwert yn ‘e mande mei it Iepenbier Ministearje en de Ried fan de Fryske Beweging.

It waard in treflike middei, ûnder lieding fan deifoarsitter drs. J. Liemburg, boargemaster fan de gemeente Littenseradiel.

Yn dit ferslach binne yn it foarste plak de ynliedings en taspraken opnaam dy’t by dy gelegenheid útsprutsen binne. De ynlieders hawwe besocht in balâns op te meitsjen fan wat der yn ‘e ôfrûne fyftich jier bard is op it mêd fan ‘e posysje fan it Frysk. De sprekkers út  Fryslân lieten dêrby ek krityske lûden hearre. Steatssekretaris drs.G. de Vries fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes sette de bestjoerlike regelingen foar it Frysk yn Europeesk perspektyf.  Fansels mochten yn dit ferslach de teatermonologen fan Romke Toering, útfierd troch akteurs fan Tryater, net ûntbrekke.

drs. A.A.M. Brok, wethâlder fan kultuer Gemeente Ljouwert

Yn it twadde plak binne yn it taheakke by dit ferslach in taspraak en oar materiaal yn it ramt fan ‘e demonstraasje, dy’t dy middeis op ‘e treppen foar it Justysjepaleis hâlden waard, opnommen. Ek in tal berjochten yn ‘e skreaune parse krije hjir omtinken. Sa wurdt it byld fan in libbene en krityske diskusje dy’t lokkich ek no noch om ‘e posysje fan it Frysk hinne fierd wurdt, oanfolle en komplimintearre. Dit ferslach wol dêr rekkenskip fan ôflizze.

As haadstêd fan Fryslân  hat Ljouwert in bysûndere ferantwurdlikheid foar de Fryske taal oer, fanselssprekkend yn gearwurking mei oaren. Dat hat foarhinne miskien wolris oars west, doe’t it Frysk foar de Ljouwerters net mear as in taaltsje fan it plattelân wie. Mar tiden hawwe tiden. De gemeente Ljouwert is it libbene hert fan de provinsje Fryslân en wol dat wêze. As  bestjoerder bin ik fan betinken dat omtinken foar de bysûndere twa- en meartalige situaasje yn ús gemeente gjin ynsidintele saak bliuwe mei. It soe in goed ding wêze om tenei op syn minst ien kear yn ‘e fiif jier in manifestaasje lykas de Kneppelfreedbetinking te organisearjen, mar dan mei in oare opset en mear rjochte op ‘e jongerein, dy’t ommers de takomst fan ús provinsje útmakket.

Ljouwert, april 2002
drs. A.A.M. Brok, wethâlder fan kultuer Gemeente Ljouwert

 

 

Werom / boppe

 

 

Taspraken


1.      Wolkomstwurd

Drs. A.A.M. Brok, wethâlder kultuer fan de gemeente Ljouwert

Achte oanwêzigen,

It is foar my in eare en it docht my ek deugd dat ik jimme op dizze bysûndere dei op dit bysûnder plak wolkom hjitte mei. In bysûnder wolkomstwurd is foar steatssekretaris De Vries fan Ynlânske Saken, deputearre Mulder, mynhear de Presidint en de hear en mefrou Van der Burg fan De Lemmer. Foar jo, Van der Burg, is it grif hiel bysûnder om hjir fyftich jier nei Kneppelfreed wer te wêzen. Ek in wurd fan wolkom oan mr. Kuipers út Wommels, hy wie offisier fan justysje yn de rjochtsaak tsjin Fedde Schurer. Ik wol de oare minsken dy't hjir of hjir yn 'e omkriten fyftich jier lyn wiene en dy't Kneppelfreed dus fan tichtby meimakke hawwe, ek in hertlik wolkom taroppe.

Ik bin der grutsk op dat ik jimme út namme fan it bestjoer fan de gemeente Ljouwert wolkom hjitte mei op dizze betinking, dy't wy organisearre hawwe yn 'e mande mei de Ried fan de Fryske Beweging en justysje. Dat dizze betinking mei-elkoar organisearre is, kin bysûnder neamd wurde as wy sjogge nei itjinge dat wy hjir hjoed betinke.

'Andere tijden' is de tapaslike titel fan it televyzjeprogramma dat fan 'e wike omtinken joech oan Kneppelfreed. It binne yndied oare tiden. Fyftich jier lyn griep de gemeente hurd yn doe't der demonstrearre waard op it Saailân foar de posysje fan it Frysk. No is it Frysk spearpunt fan ús kultuerbelied. Ljouwert is him bewust fan syn posysje as haadstêd fan Fryslân.

Fyftich jier nei Kneppelfreed organisearje justysje en gemeente yn 'e mande mei de Ried fan de Fryske Beweging dizze betinking, mei respekt foar elkoars posysje en stânpunten, al wie it allinnich mar omdat respekt it foarportaal is fan tolerânsje. Wy binne fan betinken dat meartaligens in positive bydrage leveret oan it ferskaat en de pluriformiteit fan ús maatskippij. Soks jout net allinne foardielen foar Fryslân, mar benammen ek foar Nederlân en de Europeeske Uny. Der moat mei respekt mei ús taal en kultuer omgien wurde. As dat der al net is, hoe soe it dan wêze mei it respekt foar oare kultueren yn ús maatskippij, sa as wy dy kenne en dy’t ús maatskippij sa kleurryk meitsje?

Der is yn 50 jier tiid in soad berikt tank sij in soad minsken. It bliuwt wichtich dat wy útstrielje dat it Frysk fanselssprekkend is. Mei it each op de takomst soe it in goed ding wêze as wy Kneppelfreed ien kear yn de fiif jier betinke yn it ramt fan in grutte manifestaasje, dy’t benammen rjochte is op jongerein en dy’t in dei foar de kultuer is. In dei dêr’t de takomst en kânsen sintraal steane.  

Ik wol de minsken dy't dizze dei taret hawwe tank sizze. Ik tink dat it harren slagge is om in moai en nijsgjirrich programma foar jimme gear te stallen.

Ik jou no it wurd oan de deifoarsitter fan hjoed en winskje jimme allegearre in goede middei ta.

Werom / boppe


2. Kneppelfreed 16 novimber 2001: presintaasje fan it programma

Drs. J. Liemburg, boargemaster fan de gemeente Littenseradiel, foarsitter Provinsjale Kommisje Jier fan de talen, deifoarsitter

“De provinsjale Kommisje Jier fan de Talen beskôget dizze Kneppelfreedbetinking foar wat Fryslân oangiet as de ein fan it Europeesk Jier fan de Talen. It begjin wie de útjefte fan de twatalige Ljouwerter Krante op 12 juny. Fierder binne de meast stelde fragen oer twataligens ferskynd, is it gedicht Bitterswiet fan Tiny Mulder yn 82 talen oerset, binne der nije lietsjes ferskynd foar ús pjutten, kamen der dokumintêres fan Omrop Fryslân oer oare lytse talen, in Dekalogus, in popkonsert en in ekstra nûmer fan it tydskrift Switsj foar de skoalbern, joech it Noardlik Film Festival omtinken oan regionale films en binne der yntusken 2100 hantekeningen samle om op Europeesk niveau in aksjeprogramma yn te stellen foar it stypjen fan regionale en minderheidstalen in Europa. De petysje wurdt begjin desimber oanbean oan mefr. Vivian Reding, Eurokommissaris foar ûnderwiis, kultuer en sport.

Tige slagge wie fan ‘e wike ek de manifestaasje Taalryk Fryslân fan Afûk en Friesland College, dêr ’t ek de oare 60 talen dy’t yn Fryslân praat wurde, har gerak krije koene. It is net alles. In moaie opstekker foar it Frysk is ek de film Nynke, dy ’t ta stân kaam alhiel bûten it Europeesk jier en de kommisje om. En eins is dat mei Kneppelfreed ek sa: it is tafal, dat dat krekt hjoed 50 jier lyn is, mar it kaam wol moai út. It falt de gemeente Ljouwert te priizgjen, dat se it inisjatyf ta dizze betinking nommen hat en útfiert yn ‘e mande mei de Ried fan de Fryske Beweging. It is spitich, dat de skriuwer Jaap Castelein fan ús kommisje dit net mear meimeitsje kin.

De meiwurking fan justysje oan dizze middei is opfallend en jout oan, dat der yn fyftich jier hiel wat feroare is. Ik haw dat sels ferline jier ek ûnderfûn, doe ’t ek efkes fierderop oan it Saailân by de rjochtbank wie om ynstallearre te wurden as amtner fan de boargerlike stân. In alderaardichste, Hollânsktalige rjochter stie foar ús gemeentesekretaris en my klear en ik hie my der op taret: ik wol it graach yn it Frysk dwaan, sei ik striidber. It wie gjin inkeld probleem, nee, se fûn it sels tige fanselssprekkend, sa fanselssprekkend, dat ik sawat de Fryske wurden net mear fine koe. It is in moaie yllustraasje fan de slotkonklúzje fan de reportaazje dy ’t de VPRO tiisdeitejûn útstjoerde. Hy is ek te sjen op de prachtige ynternetside www.kneppelfreed.nl  Dy konklúzje wie: “Het Fries is cultureel omarmd en daarmee maatschappelijk onschadelijk gemaakt.”

Is dat sa? En sa al, is dat dan slim, of krekt net? Wy hoopje hjoed wer wat wizer te wurden.

Der folgje no trije ynliedingen, dy ‘t ûnderbrutsen wurde troch Tryater, mei sketsen, makke troch Romke Toering en útfierd troch (âld)akteurs fan Tryater. Dêrnei sjongt it Leeuwarder Kamerkoor ûnder lieding fan Hoite Pruiksma yn de sintrale hal teksten fan Fedde Schurer en nei ôfrin is elkenien noege foar in noflike neisit. Dan kin ek de útstalling noch besjoen wurde, dy ’t fan 19 novimber ôf te besjen is yn it Stedskantoar fan de gemeente Ljouwert.”

Werom / boppe


3. Kneppelfreed, inkelde bespegelingen

Drs. P.R. Boomsma, skriuwer fan it boek ‘Kneppelfreed. Gevecht om de taal met wapenstok en waterkanon’ en kommunikaasje-adviseur by de Plysje Fryslân.

“Menear de steatssekretaris, achte alle oare minsken,

De Fries wie en is trou oan it gesach. Mar dan moatte jo de Fries wol yn syn wearde litte. Yn 1948 kaam ien fan de earste nije taallûden yn Aldeboarn oan it ljocht. Yn dat plak krigen twa molktapers in bekeuring omdat se har net holden oan kêst 16 fan it melkbesluit. De beide manlju, Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw, wiene sa moedich om op de bussen ‘molke en sûpe’ te setten , wylst dat ‘melk’ en ‘karnemelk’ wêze moast. Under de rjochtssitting sei Van der Hoek tsjin de kantonrjochter, mr. S.R. Wolthers, oer it hoe en it wêrom: “Ik bin 57 jier, en ik haw altyd Frysk praten. Wy ferkeapje molke en sûpe, elkenien yn Boarn neamt it sa, en dêrom ha wy op ús bussen ‘molke’ en ‘sûpe’set.” It joech allegear neat, lex dura sed lex. Mei dizze molke- en sûpekwestje wie wyn siedde, dy ’t yn 1951 as stoarm rispe waard.

De Lemster feedokter Van der Burg, dy’t hjir fan ‘e middei ek is, krige op 27 augustus 1951 in bekeuring foar in ferkearsoertrêding. Dêr soe in soad achterwei komme. De feedokter woe de bekeuring net betelje en liet it op in proses oankomme. Ek no kaam in Fries yn ieren en sinen foar it buordsje fan de ús bekende mr. Wolthers. En op ‘en nij wie Frysk prate yn ‘e rjochtsseal ferbean. Doe ’t Fedde Schurer dat fernaam skreau er, yn syn hoedanichheid as haadredakteur fan de ynfloedrike Heerenveense Koerier, in lôgjend haadartikel. Dat stik neamde er: De laatste man fan de Zwarte Hoop. Twa misledigjende sitaten:                          De beantwoording van de vraag waarom de heer Wolthers zo mateloos geïrriteerd wordt bij het horen van de taal van het volk, waarover hij zolang recht sprak, ligt meer op des psychiaters weg dan de onze.(…) In de middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische bende, die de Zwarte Hoop werd genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega’s te reserveren.’

Wolthers fielde him persoanlik net misledige en hy woe it dan ek net oanjaan. Mar as amtner fielde er him wol misledige. Mr. Kuipers, dy ’t hjir hjoed ek is, besleat ta ferfolging. Op 16 novimber moast Fedde Schurer him ferantwurdzje. It foel op dat Schurer fan de rjochter mr. Taconis, gewoan Frysk prate mocht.

16 novimber 1951 wie op in freed en dan waard de gewoane merk en de feemerk holden. Der wiene dus in soad minsken op ‘en paad. It docht jin dêrom gjin nij dat de seal te lyts foar it manmachtige publyk wie. De rjochterlike macht woe hawwe dat ien fan de twa kachels yn ‘e grutte seal stikken wie en dat der krapte oan branje bestie. Boppedat hie de stoker, in âld skipper, gjin sin om stienkoal yn de kachel, dy ’t it noch al die, yn de grutte seal, te dwaan.

Al dy oarsaken en it eksplosive feit dat de Fries en it Frysk knoeid wiene, soargen der foar dat Schurer en syn maten net inkeld ûnder de rjochtssaak, mar ek by it ferlitten fan de seal in soad drokte makken. Plysje en Iepenbier Ministearje wisten net wat se mei de grutte kliber minsken oanmoasten, it gong om sa’n 500 lju.

It lei him foaral oan in minne kommunikaasje. En fierdersoan wiene se ek gjin demonstraasjes wend. De plysje hie gjin draaiboek en wie net goed taret. Kneppel en brânspuit diene it wurk.

Fan gefolgen kamen der twa grutte byienkomsten, in wike letter, yn Zalen Schaaf, hjir te Ljouwert. Der wiene sa’n 2.200 Friezen dy ’t harren ynbannich aard sprekke lieten. Yn Den Haag hiene se nei Kneppelfreed wol troch dat se de Friezen net begekje koene. It praat gong dat se sels benaud foar ôfskieding wiene, mar dat wie wat oerdreaun. 

Nei de fersetmoeting waard it poldermodel avant la lettre op de Fryske saak tapast. Atte Jongstra skriuwt dêroer yn syn besprek fan myn boek yn de NRC fan 5 febrewaris 1999: ‘Kneppelfreed werd het brandpunt van wat er in die dagen leefde: een cultuurbewustzijn, wakker geschud door onnozelheden, ongetwijfeld wakker gehouden door reminiscenties aan het hardnekkige verzet tegen de Duitse bezetter in ’40 – ’45, in een plattelandse wereld waarin de sociale, politieke en juridische verhoudingen feodaal waren naar begin twintigste-eeuwse snit.’

Yn febrewaris 1952 kaam in ‘regeringsphalanx’ yn Fryslân op besite. Dy phalanx bestie út de ministers fan Underwiis, Keunst en Wittenskippen, Justysje en Binnenlânske Saken. Yn dat ferbân fyn ik it in grut foarrjocht dat de steatssekretaris fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes hjir no is: syn oanwêzigens sjoch ik as in teken dat it ryk de Fryske taalpolityk serieus nimt.

Namen Den Haag en Fryslân de saak yn 1952 ek serieus, oan de oare kant wie it sa dat de Fryske beweging alle gedachten oer ôfskieding ôfwiisde. Se hiene by wize fan sprekken efkes ûndogensk west mar waarden al heel gau wer de braafste bern fan ‘e klasse.

Hoe pakte it út? Lykas sa faak by grutte problemen, wurdt der dan in kommisje ynsteld. Yn it gefal fan Kneppelfreed sels twa. It wurk fan de Kommisje -Wesselings, dy ’t him dwaande holden hie mei it Fryske ûnderwiis, hie yn 1955 de wet-Cals fan gefolgen. It ûndersyk fan de Kommisje -Kingma Boltjes, dy ’t it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear neigongen hie, late yn 1956 ta de wet-Donker. De eed en de belofte mochten yn it Frysk dien wurde, en Frysk prate yn de rjochtsseal waard wetlik tastien.

Dat it Frysk yn de rjochtssealen eins mar in bytsje brûkt wurdt, leit earder oan de Friezen sels as oan de wetlike mooglikheden.

Hat ‘de slach op it Saailân’ de posysje fan it Frysk-oan-de-basis werklik fersterke? It is in feit dat noch gjin fiifde fan de Friezen Frysk skriuwe kin en yn it offisjele ferkear stappe in soad

Fryskpraters sûnder oanlieding op it Nederlânsk oer. Betsjut de noftere konstatearring fan ús grutte dichter Douwe Tamminga, nammentlik: ‘ Yn it sosjale libben fungearret it Frysk gauris noch as in dialekt: yn it Nederlânsk bist earder in menear’ [1] ,  miskien wol dat de idealen fan Kneppelfreed foargoed trochskrast binne?

Ik wol dêr mei in tal konstatearrings wat djipper op yngean.

Earste konstatearring: de provinsje Fryslân

Yn it Collegeprogramma 1999 – 2003 fan de provinsje Fryslân lês ik ûnder Taalbeleid:

‘Wat het Fries in het ambtelijk verkeer betreft geldt – vanuit de voorbeeldfunctie die de provincie heeft – een tweeledige beleidslijn. Voor het zittende personeel wordt een nog nadrukkelijker stimuleringsbeleid gevoerd. De gelijkwaardigheid van het Fries naast het Nederlands maakt dat voor nieuwe vacatures ten behoeve van publieksfuncties, daarmee  samenhangende functie-eisen, gericht op actieve beheersing van de Friese taal, kunnen worden gesteld.’

Dêr lied ik út ôf dat it de provinsje tinken is mei it Frysk en mei it taalbelied. Mei wat dêr oer skreaun is yn ‘e achterholle, kin en mei it net sa wêze dat in tal deputearren fan de provinsje Fryslân it Frysk yn it iepenbier ferkear net brûkt. Bestjoerders hawwe in foarbyldfunksje. De kommissaris jout yn alle gefallen de yndruk dat er syn bêst docht om it Frysk oait nochris te sprekken. Ut en troch brûkt er in goed útsprutsen wurd, lykas Fryslân.

Dy yndruk mankearret folslein by in tal deputearren. Sokken kinne mei goed fatsoen net úthâlde dat it harren tinken mei it Frysk is. Dêrom wurdearring foar de hearen Mulder en Heldoorn. Faaks soe it sa krekt sketste belied oangeande de sittende amtners ek ris tapast wurde moatte op sittende of nije deputearren.

Mulder en Heldoorn dogge it sa ’t dat, neffens my, moatte soe. No’t ik it dochs oer politisy haw: it is al mear sein, mar ik wol hjir yn it iepenbier wethâlder Arno Brok fan de gemeente Ljouwert in komplimint jaan foar syn gebrûk fan de Fryske taal. Hy hat it Frysk praten leard  En doart it ek te brûken.

 

Twadde konstatearring

Dizze twadde bespegeling giet oer de parse, benammen oer de Leeuwarder Courant. Op tiisdei 12 juny 2001 waard in twatalige Ljouwerter Krante útjûn. Hulde. Ik haw eefkes mei de haadredakteur, Rimmer Mulder, oer it taalbelied Frysk fan de krante belle.

Hy sei dêr dit oer: ‘Yn it karbrief stiet dat wy in twatalige krante binne. Sitaten yn it Frysk litte wy sa stean. It Nederlânsk is de earste taal, njonken it Frysk. It Frysk brûke wy by typysk Fryske saken, lykas resinsjes. It is net in echt stribjen, der is gjin kwotum-belied, mar wy wolle op sa ‘n 5% Frysk útkomme’.

Dy 5% haw ik yn samar in gewoane wike neirûn. It giet om de Leeuwarder Courant yn wike 43, fan moandei 22 oktober oant en mei sneon 27 oktober okkerdeis. Seis kranten. De advertinsjes meirekkene kaam ik op 214 siden. Ast dêr de 5% noarm op tapasse lietst, soest op hast 11 siden Frysk útkomme moatte. Ik ferklap it no daliks mar: twa siden Frysk, mear net! 

Njonken de folsleine Fryske side op freed (dat it de Fryske skriuwer goed gean mei), moatte jo echt om Fryske stikken sykje. In Frysktalich in memoriam, in stikje oer de sutelaksje en de kollums fan Eelke Lok en Meindert Talma en de rubryk Café Hofshoecke. Fierder fjouwer ynstjoerde stikken yn it Frysk. By de sitaten meie wy der wiis mei wêze dat in pear Fryske reedriders, in bekende Fryske fuotbaltrener, in pear politisy, in ferdwaalde ofsier fan justysje en in pear plysjewurdfierders tsjin heuch en meuch yn it Frysk trochgeane, ék tsjin de parse.

No ’t ik dochs oan it tellen wie, haw ik de taal fan berte- en rou-advertinsjes ek meinommen. Yn dy wike fan 43 binne 443 advertinsjes set. 330 wiene yn it Nederlânsk, it lêste steal fan 113 yn it Frysk. Oars sein, ien op ‘e fjouwer berte- of rou-advertinsjes is yn it Frysk steld. Dat tal hat lykwols, like min as de ynstjoerde brieven, neat mei it taalbelied fan de krante te krijen. Jo kinne dan ek stelle, mei wat hoedenens, dat de Leeuwarder Courant syn taalbelied Frysk, as dat dêr al bestie, slûpe litten hat.

Ik soe sizze: besykje no echt dy 5% (of mear) te heljen en begjin alfêst, foar straf, mei it tsienkear achterinoar skriuwen fan it haadartikel yn it Frysk.

Tredde konstatearring: de skreaune taal

It yn stân hâlden en oarderjen fan ús maatskippij kin absolút net sûnder skriftlik taalgebrûk. As jo yn Fryslân ek net it Frysk skriftlik brûke, miskenne jo de persoanlike foarming en de identiteit fan in protte Frysktaligen. Wolle wy dat it Frysk bestean bliuwt, dan moatte wy in morele ynspanning op ús nimme: sa folle mooglik Frysk skriuwe. Dat jildt yn alle gefallen dyjingen dy ’t sizze achter it Frysk te stean. Koartlyn ferwurde Jelle Breuker dat sá: “Foar my bestiet der eins gjin grins tusken de wetlike boargerplicht om belesting te beteljen en de morele ferantwurdlikens om Frysk te skriuwen.” Troch sels Frysk te skriuwen (oan de dokter, it sikefûns, de plysje, de provinsje, de skoalle, gemeenten) wurde oaren útnoege om yn it Frysk te skriuwen. Suggestje: praat mei josels ôf om allinnich noch mar yn it Frysk te ii-melen.

Ferskaat

Ik woe noch inkelde saken kwyt.

Foarst soe ik útstelle wolle om in monumint foar de twa molktapers yn Aldeboarn op te rjochtsjen. By in yngreven Fryske gemeente as Boarnsterhim sil dit dochs yn goede ierde falle moatte. No haw ik dat trije jier lyn ek alris útsteld,  sûnder súkses oant no ta. Mar de molktapers en ek de gemeente Boarnsterhim jou ik graach in twadde kâns.

As twadde punt wol ik wize op it belang fan in middelskoalle, dêr ’t it Frysk de fiertaal is. Wy moatte dêr mei ús allen mar ris goed oer neitinke. Wêrom al yn Bretanje en hjir net?

Fierders wol ik wize op de minne posysje fan it Frysk. Dat komt spitigernôch foaral troch de Friezen sels, it is al sa faak yn ’t sin brocht. Der is noch altyd in grutte sleauwens by in soad Friezen yn it hâlden en dragen as it om it Frysk giet. Se binne wol wat grutsk op dy taal, mar dat moatte jo ek wer net oerdriuwe. Yn ‘e regel binne Hollanners positiver foar de taal oer. Dêrom wol ik hjir wei de Fryske âlders taroppe: lear jim bern Frysk. Leau it no ris dat foar in goeie taalûntwikkeling fan it bern twataligens fan grut posityf belang is. 

Ta beslút

Ik kom oan ‘e ein fan myn ferhaal.

Wat Kneppelfreed ek te weech brocht hat is dat de no 85-jierrige, eartiidske ynspekteur fan plysje Kammeijer, en ek oanwêzich op dy ferneamde dei fan 50 jier lyn, koartlyn noch op Fryske les gongen is. Hy hat mei syn help yn ‘e húshâlding ôfpraat dat se allinnich mar Frysk tsjin him prate mei. Prachtich moai.

Ik tankje jimme foar jim harkjen.”

Werom / boppe

4.      Kneppelfreed: in aktueel ferhaal fan ûngelikense partijen

Drs. P. Hemminga, bestjoerskundige Fryske Akademy Ljouwert

‘Dit paleis van justitie staat mij niet aan. Ik vind het een lelijk gebouw, een hybridisch misbaksel, een stuk van een Griekse tempel, geplakt tegen een kazerne. Ik ben gelukkig maar tweemaal in dat gebouw geweest.’  Dat binne, achte oanwêzigen, de wurden fan senator Hindrik Algra, dy’t op 16 april 1952 yn de Earste Keamer wiidweidich op de Fryske kwestje yn giet. Hy seit fierders dat er nei de ferwaarmingssituaasje yn it paleis ynformearre hat. ‘(...) het bleek mij, dat zich op de benedenverdieping 23 en op de bovenverdieping 20 kachels bevinden, in totaal dus 43 kachels. Drie van deze kachels zijn van een dergelijke capaciteit, dat zij alleen dan gevuld zijn, wanneer er drie mudden brandstof in zijn gedeponeerd. In de winter heeft men een aparte kachelknecht, à raison van 48 gulden in de week, om deze 43 kachels, of zoveel minder als uit bezuinigingsoogpunt worden gestookt, brandende te houden’. ‘Maar,’ sa seit Algra, ‘het kan echter anders worden. Wanneer de Minister er aan medewerkt zal er aan dit paleis iets veranderen. Van buiten zal het lelijk blijven en het zal misschien nog een halve eeuw duren met die 43 kachels, maar van binnen zal er toch iets nieuws kunnen komen.’

          Yn de rin fan de lêste fyftich jier is it hjoed myn fyfte kear dat ik hjir yn it paleis fan justysje bin, dat sadwaande wit ik dat Algra optimistysker wêze kinnen hie. De bûtenkant is, alteast oan de foarkant, noch altiten ûnferoare, mar de 43 kachels binne der al jierren út. Dat hat grif minder mei Kneppelfreed te krijen as mei’t op 29 maaie 1959 yn it Grinslanner Kolham in bel gas fûn waard. 

          Algra, achte oanwêzigen, wie net de iennichste dy’t de sitting fan de Earste Keamer te baat naam om de Fryske kwestje oan de oarder te stellen. De twa matadoaren Gerbrandy en Gerretson, en, fan net minder statuer juffer Tjeenk Willink, gienen ek wiidweidich op de Fryske kwestje yn, neidat earder yn de Twadde Keamer, de folksfertsjintwurdigers Algera, Krol, De Loor en Wagenaar har bydrage yn de rin fan de begruttingsbehanneling fan respektivelik Binnenlânske saken en Justysje levere hienen.

          Dat bringt my fuortendaliks by in earste fêststelling as it giet om de fraach wêrom’t Kneppelfreed fyftich jier nei dato betocht wurdt en noch altiten fan betsjutting is. Dy fêststelling hat alles te krijen mei it net-allinne-Fryske probleem om in deeglik en fêst plakje op de Haachske politike en beliedsaginda te krijen. No seach de beliedsekology fan dy dagen noch aardich oars út as tsjintwurdich, mar wa’t weet hat fan de Haachske skiednis mei it Frysk wit ek hoefolle muoite it ek doe en earder al koste om omtinken foar it Frysk te krijen. Ik soe yn dat ferbân ûnderwiisminister De Visser sitearje kinne, dy’t by de behanneling fan de nije Leger Underwiiswet op 20 maaie 1920 yn de Twadde Keamer witte liet:

Er is tegenwoordig in Friesland een streven om ook de Friese taal op de lagere school ingevoerd te krijgen. Ik heb zelfs een deputatie bij mij gehad van mannen, die mij verzochten daartoe de faculteit in de wet te openen. Dit nu acht ik een zeer bedenkelijk streven (...)

Wat no krekt sa betinklik wie is dêrmei fansels noch net dúdlik, mar it is wol helder en klear dat de minister gjin ferlet fan alle dagen in deputaasje Friezen hie.

          Kneppelfreed foel op in freed midden yn novimber, en dat simpele feit hat it Frysk gjin wynaaien lein. Al faak is wiisd op de omstannichheid dat de freed, grif yn de jierren fyftich, dè drokste dei yn de Ljouwerter wike wie en dat boppedat de sinesappels en tomaten op dy dei en noch altiten op it Ljouwerter Saailân foar it gripen lizze. Mar fan gjin lytser belang hat grif it feit west dat in wike letter de parlemintêre behanneling fan de begruttings fan respektivelik it departemint fan Binnenlânske Saken en dat fan Justysje begûn. Dat wie in moaie kâns om de Fryske kwestje yn it Haachske sintrum fan de macht oan de oarder te stellen. De skiednis kin net op ’e nij skreaun wurde, mar it soe my alhiel gjin nij dwaan dat wannear’t Kneppelfreed op 16 maaie 1951 fallen wie, it parlemintêr omtinken dêrnei, en dêrmei ek de lettere resultaten, hiel wat minder west hie. Elkenien wit hjoed de dei hoe wichtich datum en oere binne om substansjeel omtinken foar dwaan, stribjen of wollen te krijen. Elkenien wit ek hoe dreech it is om Haachsk omtinken te krijen en foaral fêst te hâlden. Koartsein, de datum wie foar dy ûngelikense partij yn 1951 in gelok by in ûngelok. Mar dat is mar ien aspekt fan Kneppelfreed dat ek foar de aktualiteit noch fan grut belang is.

          Ik kom by in twadde fêststelling as it om Kneppelfreed gie en dan giet it my om de leden fan de Twadde Keamer dy’t de Fryske kwestje oan de oarder steld hawwe. Ik neamde hjirfoar al de hearen Algera, Krol, De Loor en Wagenaar. Dêr binne, safolle is my wol dúdlik, net folle froulju en likemin Brabanners of Limburgers by. Twa fan dy folksfertsjintwurdigers hienen op datselde stuit sels sit yn it Fryske Kolleezje fan Deputearre Steaten. De ynset fan krekt de Fryske keamerleden wie fan grut belang yn de jierren fyftich en dat wie begjin jierren santich net minder it gefal, doe’t in oare en net minder foarname Haachske stap foar it Frysk set wurde soe. Ik doel op de parlemintêre behanneling fan it rapport fan de Ynterdepartemintale Kommisje Fryske Taalpolityk. De Twadde Keamer naam op 28 septimber 1972 sûnder dêroer te stimmen keamerbreed in moasje oan dy’t it Regear útnoege om:

‘verdere mogelijkheden voor het Fries te scheppen door op dat doel gerichte veranderingen in de onderwijswetgeving, en haar (financiële) medewerking te blijven geven aan versterking van de geëigende Friese instituties ten dienste van de verschillende facetten van de Friese taal en cultuur.’

 

Dy moasje en dei wurde yn it algemien sjoen as it begjin fan de rykserkenning fan it Frysk, hoewol’t it werklike resultaat dêrnei wat ôffoel, lykas Faber en Van Rijn yn 1978 fêststeld hawwe. Dat is ien ding. In oar ding is dat de oanbelangjende moasje acht ûndertekeners hie en mar leafst fiif dêrfan kamen út Fryslân. Dêrmei wienen op ien nei, te witten de Keamersfoarsitter, alle Fryske keamerleden fan dy dagen fan de partij. Dat tal fan seis Keamerleden út Fryslân hat yn de skiednis fan de ôfrûne ieu mar ien kear heger west, te witten yn it begjin fan de jierren njoggentich. Oer it generaal is de Fryske fertsjinwurdiging, yn alle gefallen talsmjittich sjoen, ûnder de mjitte bleaun. Yn trochsnee giet it troch de jierren hinne en yn relaasje ta it Fryske ynwennertal, en hiel oars as bygelyks yn it gefal fan Grinslân, feitlik om in ûnderfertsjinwurdiging. Soks is spitich want it liket it krijen fan Haachsk omtinken foar Fryske saken yn earste opslach net makliker te meitsjen. Wêrom’t de ynwenners fan Fryslân feitlik ûnfoldwaande skoare as it om it passyf kiesrjocht yn Den Haach giet, is sa ien twa trije noch net sa maklik te ferklearjen. Foar dit momint is it lykwols foldwaande om fêst te stellen dat Fryske ûnderwerpen yn Den Haach oer it generaal holpen binne mei de oanwêzigens fan Friezen op dy plakken dy’t yn dat stik fan saken fan belang binne.

          As de goede minsken op it goede plak sitte, falt noch wolris wat te berikken. Dat jildt net allinne foar it parlemint, mar krekt likegoed en mooglik noch mear foar it regear. Mei alle respekt foar de namme en warberens fan de hjoeddeiske steatssiktaris, wol ik dochs op dit plak ús mefrou De Graaff-Nauta mei eare neame, dy’t yn har goed acht jier duorjende regearsperioade ûnder mear ferantwurdlik west hat foar it ta stân kommen fan de bestjoersoerienkomsten Fryske taal en kultuer 1989 en 1993. Fierders hie hja in substansjeel oanpart yn it opnimmen fan de taalkêsten 2.6 oant en mei 2.12 yn de Algemiene Wet bestjoersrjocht yn 1995, en, foar it Frysk mooglik noch wichtiger, it ûnderskriuwen en de ratifikaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen yn 1996.

          Alle beliedûntwikkeling hat mei minsken te krijen en dêrby giet it net allinne om de fraach wa’t mei in ûnderwerp anneks is, of wa’t it op in beskaat plak foar it sizzen hat, mar ek om de fraach hoefolle minsken by de saak sels behelle binne; om hoefolle minsken it werklik giet. Friezen binne yn de Nederlânske ferhâldings in relatyf minmachtige ûngelikense partij en wurde boppedat noch hieltiten relatyf minmachtiger. Dy fêststelling liket yn te hâlden oft ik krekt witte soe wa’t wol of gjin Fries is. Dat is fansels in kwestje fan definysje. Hoe’t der lykwols ek definiearre wurdt, it is wis dat de Friezen talsmjittich sjoen in minderheid binne, net yn Fryslân sels, mar wol binnen it steatsferbân dêr’t hja ta hearre en ta hearre wolle. Binnen dat steatsferbân giet it om ûngelikense partijen. Allinne, dy erkenning as ûngelikense partij, as politike minderheid, hawwe de Friezen oant no ta net om frege en ek net krigen. Ik kin net om it Europeesk Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan nasjonale minderheden hinne. Dat yn 1995 binnen de Ried fan Europa ta stân kommen en troch Nederlân ûndertekene ramtferdrach is no oardel jier ferlyn goedkard troch de Twadde Keamer en hat op 29 maaie fan dit jier plenêr yn de Earste Keamer oan de oarder west. Dêrnei is it stil wurden. De minister hat ommers frege om de behanneling te ûnderbrekken om him neier mei it Regear op de twadde termyn fan it beried yn de Earste Keamer tariede te kinnen. Dat bart op dit stuit noch hieltiten, dat ús bliuwt net folle oars as mar ôf te wachtsjen. Dat de parlemintêre behanneling útsteld is, hat alles te krijen mei de problemen dy’t it Nederlânsk regear mei it begryp nasjonale minderheid hat. ‘Nasjonaal’ hat neffens ús eigen regear neat te betsjutten, winliken giet it ommers om in, neffens eigen sizzen, folle rommer ynterpretaasje fan dat begryp, nammentlik minderheden yn it algemien en etnyske minderheden yn it bysûnder. Dy oanpak docht binnen de bedoelings fan it Ferdrach en it fierdere ynternasjonale ramt frjemd oan, mar is yn it Nederlânsk histoarysk perspektyf noch wol te begripen. Dat it regear fierders suver heechhertich tinkt dat it Ramtferdrach foar oare lannen nijsgjirriger is as foar Nederlân sels, makket it der lykwols net better op. 

          Men kin him ôffreegje wêrom’t it regear it dochs noch oer it Kaderverdrag nationale minderheden hat, wylst it, neffens eigen sizzen, hielendal net om nasjonale minderheden giet. Dat it oer ús stelde bewâld dêr noch yn dyselde alinea fan de taljochting op it Ferdrach mei yn de problemen komt, docht wol bliken as steld wurdt dat it twadde lid fan kêst 10, it tredde lid fan kêst 11 en it twadde lid fan kêst 14, sjoen de dêr yn stelde betingsten, allinne mar foar de Friezen fan tapassing wêze kinne. Dyselde bottleneck is tagelyk de reden dat de ferantwurdlik minister no al in healjier mei syn amtsgenoaten oan it oerlizzen is, en de Friezen, oant en mei de dei fan hjoed, yn dit lân formeel noch altiten net de status fan nasjonale minderheid hawwe. Nederlân, en yn alle gefallen it hjoeddeisk regear, en, mei sjoen it ferline ek grif party Friezen, hat it blykber noch altiten dreech mei it begryp nasjonale minderheid, lykas mei de erkenning dat sa’n minderheid, casu quo de Friezen, beskate rjochten takomt. Wat hie it moai west as ien en oar foar ien kear royaal en romhertich ferrûn wie. Dat Kneppelfreed hjoed fyftich jier ferlyn is, hat wat dat oanbelanget mear as ien betsjutting.

          It drege ferrin fan de ratifikaasje fan it Ramtferdrach is eksimplarysk foar de tiid en muoite dy’t it kostet om yn Den Haach faak net altefolle foar it Frysk te berikken. Dat hat net allinne te krijen mei de minmachtigens fan de Friezen, it noch lytsere tal politike fertsjintwurdigers of it ûntbrekken fan de minderheidsstatus, mar ek mei it feit dat Den Haach it troch de tiid hinne dreech mei sawol de eigen taal as meartaligens hat. Yn dat ljocht docht it gjin nij dat yn Den Haach amper ûntfanklikens en begryp foar Fryske taalwinsken en -easken bestiet. De kearnwearden sa’t dy yn Fryslân, trouwens net yn alle gefallen like breed, belibbe wurde, wurde net dield en binne yn de rin fan de tiid net oernommen. As it al om tasizzings of resultaten giet, hat dat benammen te krijen mei sekundêre aspekten fan it belieds- en politike stribjen. De wetjouwing fan 1955 en 1956, sa’t dy nei Kneppelfreed realisearre waard, is dêr in foarbyld fan. Ik soe ek wize kinne op it fenomeen fan it geveltsje-Frysk en foar de aktualiteit kin ik de tredde bestjoersôfspraak, dy fan dit jier, neame. Yn syn begeliedend skriuwen oan Provinsjale Steaten hat it Kolleezje fan Deputearren fan’t simmer, doe’t it om it ûndertekenjen fan dy ôfspraak gie, witte litten:

Yn 1998 is in ‘provinciale inzet’ makke, dêr’t it ambysjenivo foar de lange termyn (...) yn oanjûn waard. (...) By in protte ministearjes is dizze oanpak ynearsten sûnder folle ynteresse ûntfongen.’     

Ta fierdere yllustraasje kin oangeande ûnderdielen fan dy bestjoersoerienkomst wiisd wurde op it feit dat de rykspost Friese taal en kultuer, yn 1972 as in groeipost op de ryksbegrutting kommen, mei mar leafst fyftichtûzen gûne ferhege is. ‘Mear wie net mooglik. Dizze ferheging is te lyts foar in wichtige ympuls foar it kulturele libben yn ús provinsje’, sa litte de deputearren witte. En as it om it ekonomysk en sosjaal libben giet, merke de provinsjale bestjoerders op dat ‘de belutsen ministearjes ree binne in protte mooglikheden te akseptearjen sa lang as der mar gjin ekstra jild by hoecht.’ Lit ik as lêste it ûnderwiis neame: ‘Dat de Ryksoerheid gjin hurde doelsifers foar it Frysk yn de ferskate ûnderwiissektoaren opnimme woe, wie ien fan de wichtichste knyppunten. In goede kwantitative effektemjitting wurdt dêrom net ienfâldich. Yn it Hânfêst binne inkelde hurde bepalings ûnderskreaun. Lykwols sjocht it ministearje yn de tanimmende selsstannigens fan de ûnderwiisynstellings in reden om foar it útfieren fan dy bepalings [him] efterhâldend op te stellen.’ Sok proaza lit sjen dat de beliedûntwikkeling oangeande it Frysk, net oars as yn it ferline, noch altiten stroef en stadich ferrint. Sûnt Kneppelfreed is dat net echt folle better wurden.

          De twa neamde beliedynstruminten fan de Ried fan Europa freegje neier omtinken foar de ynternasjonale situaasje. De Friezen steane yn har bestean en stribjen net langer allinne, mar witte har wat langer wat mear ferbûn mei de brûkers fan regionale talen yn bygelyks alle oare lidsteaten fan de Europeeske Uny. Yn de keamerdebatten nei Kneppelfreed ferwiisde it keamerlid Scheps noch nei de Flaamske kwestje, mar tsjintwurdich witte wy, krekt mei troch it krewearjen fan de Europeeske ynstitúsjes, dat it belied oangeande it Frysk noch hiel wat leare kin fan bygelyks de situaasje yn Kataloanje, Wales of Súd-Tirol. It belied fan de Ryksoerheid oangeande it Frysk soe der syn foardiel mei dwaan kinne, as Den Haach him wat mear oriïntearret op yn dy regio’s realisearre wetlike mooglikheden en ynstitúsjes. As it om de ynternasjonale diminsje fan it Frysk giet, is it trouwens gjin ûnaardige gedachte om te witten dat fan ’e middei, yn it gebou fan de fertsjintwurdiging fan de Dútske dielsteaten Leech-Saksen en Sleeswyk-Holstein yn Berlyn, in konferinsje plakfynt mei as tema ‘Sprachenvielfalt und Demokratie in Deutschland’. Cornelie Sonntag-Wolgast, steatssiktaris yn it Dútske ministearje fan Binnenlânske Saken, fiert dêr op dit stuit it wurd. 

          Achte oanwêzigen, it wurdt heech tiid dat ik op dit plak noch koart nei de Fryske aktoaren sjoch, dat wol sizze de provinsje, gemeenten en benammen dy organisaasjes dy’t ornaris oantsjut wurde as de Fryske Beweging. Alles wat ik hjirfoar sein haw, stiet net los fan it yn de rin fan de tiid mear of minder krewearjen fan dy Fryske belanghawwenden. Lit ik it dúdlik sizze: sûnder dat krewearjen bart hielendal neat foar it Frysk. Ergo, it giet net allinne om de minister, steatssiktaris of it keamerlid, mar krekt likegoed en yn it foarste plak om de rol fan de Friezen sels. En dan giet it net allinne om polityk, bestjoer en Beweging, mar ek om  de media en bygelyks wittenskip. Begûn Kneppelfreed net mei in haadartikel? Bin ik fan ’e middei net begûn mei it sitearjen fan in sjoernalist-folksfertsjintwurdiger? En, as it om de wittenskip giet, kin opmurken wurde dat it taalsosjologysk ûndersyk fan grut belang is en west hat as it om de beliedûntwikkeling oangeande de Fryske taal giet. It binne mar inkelde foarbylden út in lange rige. Sa’t ik sei, it giet fierders foaral om de rol fan de Friezen sels. Ik wit net krekt oft yn Fedde Schurer en Tsjêbbe de Jong foar fyftich jier it ‘geprangde gemoed des volks’ spruts, lykas Jan Piebenga op 17 novimber 1951 yn de Ljouwerter skreau. Ik wit wol dat as it tinkend en skeppend diel fan de naasje him net langer yn en oer de eigen taal hearre lit, gjin dreamen of yllúzjes mear hat, gjin ferantwurdlikens foar de eigen taal draacht, gjin ynhâld oan it stribjen ta in better en grutter plak foar dy taal jout en gjin aksjes ûndernimt dy’t de goegemeente opsjen lit, de oer ús stelde oerheden slim wat ferwiten wurde kinne.

          Ik bin begûn mei it neamen fan de 43 kachels dy’t dit paleis yndertiid al of net waarm holden. Yn dat ferbân wol ik opmerke dat de kjeld fan fyftich jier ferlyn lykop gie mei in fûleindige diskusje, en dat de mylde temperatuer fan no, amper noch debat ynhâldt. Dy myldere temperatuer hat op dit plak trouwens minder mei it ferdwinen fan de kachelfeint te krijen, as wol mei de fierdere gong fan saken yn dit paleis: de hâlding fan sittende en steande magistratuer foar it Frysk oer, de stadich trochgeande wetjouwing, of it útkommen fan it Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek, no sawat in jier ferlyn.

          Kneppelfreed, achte oanwêzigen, is in aktueel ferhaal fan ûngelikense partijen. Kneppelfreed stie en stiet foar de ivige striid tusken lyts en grut, minderheid en mearderheid, regio en steat en machteleazen en machthawwers. Wat dat oangiet hat en hâldt Kneppelfreed in betsjutting dy’t fier boppe it barren fan de 16de novimber 1951 útgiet. Kneppelfreed is in stasjon op in hiel lange reis dy’t noch lang net ta in ein kommen is.” 

                     

Werom / boppe

5. Kneppelfreed in Europees perspectief

Drs. G.M. de Vries, steatsekretaris fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes

“Mevrouw de burgemeester, geachte dames en heren,

Het is vandaag al eerder gememoreerd. Vijftig jaar geleden, in 1951, stond een kantonrechter in Heerenveen niet toe dat in de rechtszaal Fries werd gesproken. Die gebeurtenis bleef niet onopgemerkt. Fedde Schurer, de toenmalige hoofdredacteur van de Friese Koerier, bekritiseerde in een hoofdartikel in zijn dagblad de opstelling van de kantonrechter in kwestie en Schurers opmerkingen bleven niet zonder gevolgen. Op vrijdag 16 november 1951 moest hij zich wegens vermeende beledigingen verantwoorden voor de rechtbank in Leeuwarden. Dat leidde - zo heeft de heer Boomsma vanmiddag beeldend uiteengezet - tot zodanige rellen dat de politie van Leeuwarden zich die vrijdag genoodzaakt voelde om met de knuppel op te treden. Ook de brandweer werd bij deze charges ingezet. Kneppelfreed was daarmee een feit. Maar dat niet alleen.

De gebeurtenissen van Kneppelfreed hebben ertoe bijgedragen dat de Friese taal op de Haagse politieke agenda terechtkwam. Twee later, in 1953, was de “Friese kwestie” – zoals de gebeurtenissen al snel in de wandelgangen heette - zelfs onderwerp van de troonrede. In dat jaar werd aangekondigd dat de regering binnen korte termijn een standpunt zou bepalen ten aanzien van de Friese taal in het rechtsverkeer. En inderdaad verscheen in 1956 in het Staatsblad de wet Fries in het rechtsverkeer. Nu, 50 jaar na Kneppelfreed, kan worden vastgesteld dat in de Nederlandse wetgeving op tal van plaatsen rekening wordt gehouden met de specifieke positie van de Friese taal.

1953 was overigens de eerste en enige keer dat de zogeheten “Friese kwestie” de troonrede heeft gehaald en dat is goed. Het toont aan dat over het gebruik van het Fries niet meer in termen van “een kwestie“ wordt gesproken, maar in termen van dialoog. Een dialoog waarbij provincie en rijk gezamenlijk inhoud geven aan het Friese taalbeleid.

Het verdient hier trouwens gezegd te worden dat provincie en rijk niet de enige overheden zijn die zich met de Friese taal bezighouden, integendeel. Ook verschillende Friese gemeenten spelen in dit opzicht een actieve rol. Zo heeft de gemeente Leeuwarden met verschillende partners het initiatief genomen om vandaag deze bijeenkomst rond 50 jaar Kneppelfreed te organiseren. Daarnaast heeft Leeuwarden verschillende beleidsnota’s in beide talen – het Nederlands en het Fries – uitgebracht en is ze ook anderszins op het terrein van de Friese taal en cultuur actief. Een dergelijk breed draagvlak, zowel op lokaal als provinciaal niveau, is essentieel voor het welslagen van het Friese-taalbeleid, ook op rijksniveau.

Rijk en provincie hebben vanuit hun gezamenlijke verantwoordelijkheid op 5 juni van dit jaar een nieuwe – inmiddels derde - Bestuursafspraak voor de Friese taal ondertekend. De eerste twee Bestuursafspraken dateren van 1989 en 1993. Provincie en rijk werden het toen eens over afspraken ter bevordering van de Friese taal in het openbare leven en in het onderwijs, een aantal wetsvoorstellen werd aangekondigd en van rijkswege werd extra geld beschikbaar gesteld.

De ratificatie, in 1996, van het Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden voegde een nieuwe dimensie toe aan het rijksbeleid inzake de Friese taal. Het rijk verbond zich met de ratificatie van het Handvest tot naleving van 48 verplichtingen voor het Fries op de beleidsterreinen onderwijs, wetenschappen, cultuur en media, rechtspraak, openbaar bestuur en zorg.

In de nieuwe Bestuursafspraak van juni 2001 is uitvoering gegeven aan de 48 verplichtingen die met aanvaarding van het Handvest waren aangegaan voor het Fries. In de Bestuursafspraak is dus een duidelijke koppeling gelegd met het Europees Handvest voor taalminderheden dat in 1996 door Nederland is geratificeerd. Ter uitvoering van de Handvestverplichtingen zijn in de nieuwe Bestuursafspraak een honderdtal doelen gesteld om de positie van de tweede rijkstaal tussen nu en 2010 te versterken.

Wat zijn de nieuwe elementen uit dit convenant?

Allereerst is in de Bestuursafspraak de tekst van de door Nederland geaccepteerde Handvestbepalingen integraal opgenomen, waarmee de wisselwerking tussen het Handvest en de Bestuursafspraak duidelijk zichtbaar wordt gemaakt. Verder stonden er in de oude Bestuursafspraak alleen inspanningsverplichtingen van de kant van het rijk. De nieuwe Bestuursafspraak draagt voor het eerst de duidelijke sporen van de gezamenlijke verantwoordelijkheid van rijk en provincie. Ook dat doet meer recht aan de werkelijke situatie.

Dank zij het Handvest is het ministerie van VWS voor het eerst betrokken bij de Bestuursafspraak Friese taal. Zo stimuleren VWS en provincie elk met een éénmalig subsidiebedrag van ƒ 240.000,- de ontwikkeling van ondersteunend pedagogisch materiaal in de Friese taal voor peuterspeelzalen en kinderdagverblijven. Het is mijns inziens van wezenlijk belang dat VWS zijn betrokkenheid bij de Friese taal op deze wijze wil realiseren.

De andere ministeries zijn zeker oudgedienden op het terrein van de Bestuursafspraak, maar komen nu met nieuwe plannen en/of meer geld. Ter bevordering van het gebruik van het Fries in het onderwijs stellen OCW en de provincie Fryslân elk 450.000 gulden extra ter beschikking, boven op de bestaande rijksbijdrage van ongeveer 1 miljoen gulden. Met dit geld kan bijvoorbeeld lesmateriaal in de Friese taal worden ontwikkeld. Verder kunnen scholen worden ondersteund - door bijvoorbeeld inschakeling van de onderwijsbegeleidingsdienst - bij het gebruik van het Fries als instructietaal. Ook kan dit geld worden ingezet voor de opleiding van leraren Fries. Het is aan de provincie Fryslân om hierover een alomvattend plan te ontwikkelen, samen met alle spelers in het veld. De pilot-projecten Fries in het voortgezet onderwijs en de drietalige basisschool zijn op dit moment al voorbeelden van de manier waarop in Fryslân met vernieuwingen in het tweetalig onderwijs wordt geëxperimenteerd.

De rijksbijdrage voor de Friese cultuur wordt verhoogd met een bedrag van ƒ 50.000. De rijksbijdrage komt nu uit op 935.000 gulden.  Daarnaast wordt door OCW 3,1 miljoen gulden beschikbaar gesteld voor het Friestalig beroepstoneel (in casu Tryater) alsmede 285.000 gulden voor het Fries letterkundig museum. Deze verhogingen hebben alles te maken met de totstandkoming van de Bestuursafspraak.

Voor BZK is het gebruik van het Fries als bestuurstaal een aandachtspunt. In dat verband is het van belang op te merken dat veel Friese gemeenten het Fries als bestuurstaal gebruiken, maar nog steeds geen verordening hebben vastgesteld. Daarmee zijn deze gemeenten in feite in gebreke. Sinds 1995 is namelijk in de Algemene wet bestuursrecht geregeld dat voor het gebruik van de Friese taal door gemeenten een eigen verordening een vereiste is.

Op zich lijkt dat allemaal niet zo opwindend, maar met het oog op een goede rechtsbescherming – zowel van burger als van de gemeenten zelf – is het verstandig dat gemeenten die het Fries – en ik benadruk dat – al  vele decennia gebruiken, een en ander ook vastleggen in een eigen gemeentelijke verordening. Immers, het zou vervelend zijn wanneer discussies over juridische aansprakelijkheid van gemeenten zou kunnen ontstaan als gevolg van in het Fries gestelde documenten, omdat gemeenten hun eigen regelgeving niet op orde hebben. Rijk en provincie hebben in het kader van de Bestuursafspraak afgesproken dat zij zullen bevorderen dat voor 2003 tien gemeenten in de provincie Fryslân de bedoelde verordening hebben vastgesteld. 

Met betrekking tot de rijksdiensten in wier ressort Fryslân valt, is afgesproken dat zij een verordening zullen vaststellen inzake het gebruik van de Friese taal in het mondeling en schriftelijk verkeer tussen deze diensten en de burgers in de provincie Fryslân. Hierbij moet bijvoorbeeld gedacht worden aan de onderwijsinspectie.

Dat vraagt nog wel wat zendingswerk, maar met het Europees Handvest in de hand en met het argument dat Nederland ook in dezen een voorbeeld moet zijn voor landen, waar het allemaal nog veel moeilijker ligt als het gaat om bescherming van taalminderheden, moet het m.i. kunnen lukken om die rijksdiensten die in nauw contact staan met de burger in Fryslân, te bewegen tot een meer uitnodigend beleid voor het gebruik van het Fries. Ik zal daarover contact opnemen met mijn collega’s. Daarbij kan waar mogelijk worden aangesloten bij de plannen en ervaringen van de provincie Fryslân met het gebruik van het Fries en het Nederlands in contacten met de burger.

Op het terrein van Justitie is in de Bestuursafspraak overeenkomen dat het rijk bevordert dat waar mogelijk authentieke akten, zonder extra kosten voor de initiatiefnemers, in het Fries kunnen worden ingeschreven in openbare registers. In maart van dit jaar is een wetsvoorstel bij de Tweede Kamer ingediend, gericht op aanpassing van het Burger­lijk Wetboek. Daardoor kunnen akten van oprichting van stichtingen en verenigingen die hun statutaire zetel in Fryslân hebben, in de Friese taal worden in­geschreven in de openbare registers van de Kamer van Koophandel. De Tweede Kamer heeft het wetsvoorstel inmiddels goedgekeurd, de Eerste Kamer zal er zich naar verwachting dinsdag aanstaande over uitspreken. Daarmee wordt een oude wens van de Friese culturele verenigingen en stichtingen gehonoreerd.

Overigens moet hierbij worden bedacht dat het voor het schriftelijk gebruik van het Fries in het rechtsverkeer lange tijd een belemmering was dat er geen Fries juridisch woordenboek bestond. In die lacune is inmiddels voorzien. Vorig jaar december is het Juridisch woordenboek Nederlands-Fries uitgekomen. Op basis van dit woordenboek wordt momenteel door de Fryske Akademy gewerkt aan de vertaling van modellen van notariële akten in het Fries.

Tijdens deze feestelijke bijeenkomst rond 50 jaar Kneppelfreed is het uiteraard ook passend te memoreren dat enkele jaren geleden de mogelijkheden om het Fries in de rechtszaal te gebruiken aanmerkelijk zijn verruimd. Daartoe was het nodig de wet inzake het Fries in het rechtsverkeer van 1956 te wijzigen. Wettelijk gezien is het voor een burger in Fryslân nu in principe mogelijk zich tijdens een terechtzitting van de Friese taal te bedienen. Tegen die achtergrond is in de Bestuursafspraak de bepaling opgenomen dat rechters en officieren van justitie in de gelegenheid worden gesteld een cursus Fries te volgen zodat ze de taal in elk geval goed kunnen lezen en verstaan en eventueel ook leren spreken.


Ik kom nu bij het Europees perspectief.

Met de scherpe koppeling van de Bestuursafspraak aan het Europees Handvest slaat Nederland naar mijn oordeel internationaal een heel behoorlijk figuur. Dat is belangrijk, niet alleen voor Fryslân of voor Nederland, het is ook belangrijk in Europees verband. De techniek van een Bestuursafspraak als implementatieinstrument van het Handvest kan hopelijk inspirerend werken voor de bestuurlijke verhoudingen in landen die tot de Europese Unie willen toetreden. Het garanderen van taalrechten kan immers een belangrijke rol spelen bij het vergroten van politieke stabiliteit. In Nederland is dat misschien niet zo’n punt. Maar in landen als Estland, Hongarije en Roemenië speelt dat alles wel degelijk.

In Centraal- en Oost-Europa zijn veel minderheden en veel taalkwesties. De centrale overheden in deze landen zijn soms huiverig rechten toe te kennen aan minderheden. Men ziet dat als een potentiële ondermijning van de nationale staat. Dat hoeft natuurlijk niet. Ernstiger nog, het niet willen toekennen van zulke rechten levert vaak grote spanningen op. Nederland laat zien dat de toekenning van taalrechten, op gang gekomen na Kneppelfreed in 1951 wel degelijk kan leiden tot een goede dialoog tussen de staat en bewoners van de regio waar de minderheidstaal gesproken wordt. Een bestuursovereenkomst als die in juni is ondertekend, kan hopelijk dienen als inspirerend voorbeeld voor andere landen, als een voorbeeld van ‘good practice’. Om die reden valt er alles voor te zeggen de gebeurtenissen rond Kneppelfreed ook in Europees perspectief te plaatsen.

Het jaar 2001 is door de Raad van Europa en de Europese Commissie uitgeroepen tot het Europees Jaar van de Talen. In dit kader past het Nederlandse plan om, samen met de Raad van Europa, een internationale conferentie over het Handvest te organiseren, en wel op 30 november en 1 december a.s. De bedoeling is dat op die conferentie deelnemers komen uit alle bij de Raad aangesloten landen. Daar zal blijken hoe men elders in Europa met het Handvest en met de bescherming en bevordering van minderheidstalen omgaat. Het instrument van de Bestuursafspraak zal in dat verband natuurlijk slechts één van de vele voorbeelden van ‘good practice’ zijn, al gaat het hier naar mijn oordeel wel om een buitengewoon interessant voorbeeld. Het is mijn wens en de wens van de Raad van Europa dat de conferentie zal fungeren als een marktplaats van ‘good practices’, waar de deelnemende landen van elkaars oplossingen kunnen leren en elkaar kunnen aansporen tot ratificatie van het Handvest, waar dit nog niet is gebeurd.

Maar de Bestuursafspraak is ook in Fries/Nederlands perspectief van belang. De Bestuursafspraak betekent een fors, ambitieus programma, dat veel politieke en ambtelijke energie vraagt om alles goed uit te voeren. Daarom is in de Bestuursafspraak opgenomen dat een interdepartementale werkgroep, belast met de toepassing van de Bestuursafspraak, ten minste twee maal per jaar bijeen komt om samen met de provincie Fryslân te zien of alles volgens plan verloopt. Jaarlijks zal de werkgroep rapporteren aan de Tweede Kamer en provinciale staten van Fryslân over de stand van zaken bij de uitvoering van de Bestuursafspraak. Elke drie jaar zal op het niveau van de verantwoordelijke ministers en staatssecretarissen worden bezien of bijstelling nodig is, wat dan wordt vastgelegd in driejaarlijkse uitvoeringsconvenanten.

Ik dank u voor uw aandacht.”

 

Werom / boppe

6. Trije monologen

Troch Romke Toering, Frysk teaterselskip Tryater

Akteurs:

 

De beweger, Jildert Foekema (1932), de heit - Romke de Leeuw

De ûnderwizeres, Anke Hartlief - Foekema (1956), de dochter - Aly Bruinsma

De toanielspiler, Jildert Foekema (1975), de pakesizzer - Arnold Dijkstra

                                                        

De monologen binne skreaun yn opdracht fan Tryater yn it ramt fan de Kneppelfreed betinking op 16 novimber 2001 yn it Paleis fan Justysje te Ljouwert.

Se binne  ynspirearre troch en makke op basis fan ynterviews mei de trije akteurs

Aly Bruinsma, Arnold Dijkstra en Romke de Leeuw, mei Johanneke Liemburg,

Sjoukje en Tsjitske Toering.

Jildert Foekema

De heit, de beweger (1932)

“Ik wie in Fedde-man. De haadartikels yn de Koerier lies ik, nee ik dronk se, alle dagen. Fedde ferwurde myn tinken en fielen.

Nee. Ik wie der net by. Op it Saailân. Hjoed fyftich jier lyn. Ik hie der by wêze moatten. Dat wit ik wol. Mar ik wie doe noch net sa fier.

Ik stie oan ‘e skeppe. Op 16 novimber 1951 stie ik fanwege myn prinsipes oan ‘e lodde op ‘e heide ûnder Vledderveen.

Wy moasten as ‘gewetensbezwaarden’ twa en in heal jier yn ‘e heide omdolle. Straft foar ús prinsipes, moasten we in jier langer as Jan soldaat  mei in gewear oer ‘t skouder. Dêr hie it Saailân doe ek wol foar fol rinne mocht.

Fjouwer roeden wyks. No’t ik it dêr toch even oer ha, in roede wie 16 kante meter. In slúf grave, de plagge heide der op ‘e kop yn en dêr it sân en de modder wer oer hinne. Bealgje foar jins oertsjûging. Earst yn it Vledderveen en letter yn ‘e Polder. In minske moat ergens foar stean. Ien gûne deis. Ik ha myn ferlovingsring der fan oersparre. Ik koe mei in bytsje ta. En dat hat altyd sa west.

Kneppelfreed, de dei sels is my doedestiids wat ûntkommen.

Ik moat sizze, dat ik doe ek noch net sa Frysksinnich wie.

Mar letter yn myn trouwen bin ik oer de Fryske drompel stapt.

Doe gong it oan. Suver Roomser as de paus. Nee ik gong net nei de FNP.

O heden nee. Nee-nee de reade flagge bleau myn politike ideaal.

En dat hie neat mei de taal út te stean. Frysk hie neat mei polityk te krijen.

Ik waard in beweger.

Frysktalige plaknammebuorden. Praat mar Frysk. Dat wie my te guodlik.

Ik bin in man fan Frysk blinder! Ik joech kursussen by de AFÛK. Fries voor niet-Friezen.

Ik hie de notabelen yn ‘e skoalbanken. Koe ’k har ek ris te plak sette.

Der is in skoalmaster oan my ferlern gien.

Altyd op it fytske, de aktetas ûnder de snelbiner. En at it waar te min wie, waard ik helle en brocht.

De earste sutelaksjes. Ik wie der by. Ik wie steefêst trije jûnen op ’en paad.

Abonnee-winne foar Frysk en Frij. Hiele sneonen.

Dat it in pear jier lyn op dy F-side útrûn is, ergerje ik my noch altyd oan. Ja!

Noait ferbrekke! Dat is myn evangeelje.

At ien him ferbrekt en yn it Hollâns begjint en dat hoecht net, freegje ik gewoan, hast it tsjin in allochtoan. De lju leare it mar. Se moatte der mar wat foar dwaan. Altyd binne der wol ekskuses. Sý moatte har oanpasse en net oarsom.

Ik ha it myn bern ek goed ynpipere. Dy oanpasserij is nergens foar noadich.

Hûnderten brieven ha ’k skreaun. Nei alderhanne ynstânsjes, gemeenten,

de provinsje. Ik ha jierren mei de PTT korrespondearre oer de plaknammen. De foarkeamer wie myn kantoar.

Sa ’k sei ik wie in Fedde-man. Yn syn haadartikels ferwurde hy myn tinken en fielen op it mêd fan anty-militarisme. Syn formulearjen en ferwurdzjen hie ’k bewûndering foar. Ik seach by him op. Moaie artikels. It docht jin goed, dat jins eigen ynsichten ûnderstreke wurde.

Ik lies him trouwens leaver as dat ik him hearde. As sprekker wie er my wat te skoalmasterich. En ik begriep ek net, dat er by de PvdA wie en net by de PSP. Dat wie syn plak. Mar der is gjin minske perfekt.

Schurer syn opfetting oangeande it Frysk spruts my tige oan. Guon artikels skreau er yn it Frysk. En dan murken je dat it jin tichter op ‘e hûd kaam.

Sy poezij fûn ik prachtich.

De ynstjoerde stikken, dat wie myn grutte hobby. Bytiden trije stikken wyks. Ienkear waard it wegere. 

Dat gong doe oer de Fryske plaknammen yn Tytsjerksteradiel.

Dêr ha ‘k 43 kear in ynstjoerd stik oer ynlevere. Soms twa op in dei.

Dan skreau ik ûnder in skûlnamme. Jaja. Mar doe wie ’t dien.

De Ald-Ljouwerter woe net mear. Ik fielde it as in sprekferbod.

En altyd nei de Warns-betinking. Allinne dy kears dat dy Blok-Belgen der wiene ha ’k der net hinne west.

Dêr woe ‘k net mei konfrontearre wurde.

De gearkomsten fan de ried wiene moai. Altyd elkoar yn ‘e bek hingje. Ienkear gong it oer oft der no smookt wurde mocht of net. Dêr ha we twa jûnen oer fergadere.

En nei ôfrin in jonkje fansels. Ien hin.

En dan hjoed de dei de reklame.

Ja, at ik dêr no sa wiis mei bin. Ik wit net. Eins fyn ik it Frysk dêr te goed foar. Foar dy kommersy. Dy muzyk fan de Kast mei ’k wol hearre. En dy beide bern út Wergea. Min Frysk trouwens. De grize giet jin oer de grauwe.

Mar mei dy reklame begjint it hiele ferhaal wer fan foaren ôf oan.

Der binne in hiele protte Fryske  bedriuwen, dy’t reklame meitsje yn it Hollâns. Dat slacht echt wier hielendal nergens op. Dêr moat de beweging wat oan dwaan. De lju dy’t it Frysk net fersteane, sjogge ommers toch net nei de Fryske Televyzje.

Allinne Frysktalige reklame  by Omrop Fryslân. Ik bin der trouwens hielendal ôf, no’t dy radio-programma’s op oare tiden sitte.

De frou en de bern wiene it net mei my iens. Dat hat spanningen jûn.

Myn frou is oarspronklik ien fan ‘e oare kant. Fan de oare kant fan ‘e Tsjonger. Ja. In krûmprater. No dat ha ’k har moai-handich ôfleard. De frou past har folle mear oan. Ik ha as jongkeardel ek fierste foarsichtich west. Noait ferbrekke nee.

As myn broer Wybren mient dat er Hollâns tsjin de nije dokter

prate moat, slacht dat nergens op. Ha ’k ek tsjin him sein.

Hy lilk. Ik lilk. Wy ha in healjier net mei elkoar praat. Sa ’k sei, jo moatte ergens foar stean.

Dy bern fan my moatte der neat fan ha. Dy binne sleau.

Ien praat ek Hollâns tsjin de bern. Dêr kom ik dus net mear. Nee. Prakkesear der net oer.

Ik haw it der dreech mei, mar de frou moat allinne nei de jierdeis ta. Dat dy pakesizzers aanst net Frysk mei my prate… Ik wit wol dy skoansoan is in Drint, in Hartlief, mar toch…

Krektengelyk haw ik as anty-militarist mar te akseptearjen,

dat myn neiteam nei it fleanfeest op ‘e Ljouwerter fleanbasis giet.

It snijde my dwers troch de bealch. De mage kearde my om. 

Dat fan de bern sit my dwars. De twadde dochter sit yn it ûnderwiis.

Folslein ferkearde hâlding. Ik ha it der dreech mei. Ja. Sy is mei dý Drint, dy Hartlief troud, ja. Dy fint wennet hjir no al tritich jier en hy hat noch noait in wurd Frysk praten. Ferdomme.

Ien fan myn pakesizzers is toanielspiler. Dat fyn ’k prachtich.

As jonkje mocht er graach foardrage en dan learde ik him de gedichten op te sizzen. Hy kaam spesjaal by ús te sliepen om te oefenjen.

Ik kin dat earste gedichtsje noch wol út ‘e holle.

Us âlde Bles hat mannich prizen wûn

Us âlde Bles, gjin hynder koe sa rinne

Gjin better guds wie fier yn ’t rûn,

Gjinien koe ’t fan him winne.

In rymstik fan Piter-Jelles. Better politikus as dichter, trouwens. Mar dat makket net út.

Ik bin grutsk op dy pakesizzer. Dat hy mei it Frysk de kost fertsjinnet.

Ja dat is prachtich foar him en foar it Frysk

Dat hie ‘k sels ek altyd graach wollen. Toanielspylje is moai wurk.

Hy is in dream, dy’t wier wurdt.

Ja jaaa dy rêdt it wol. Hy sit by Tryater. Ja. Sy sitte no yn in nij gebou.

Ha ’k ek al even hinne west te sjen. Moai hear.

Mar ja, no spylje dy lju soms ek yn it Hollâns en dat fyn ik net yn oarder.

Us toanielspiler hat wat mei in donker famke. Ja. In minske sin is in minske libben. Alles went. At je mar ergens foar stean.

Ik sit der wol oer yn, oer  it Frysk, sa’t de lju dat prate.

Dat wurdt minder. Minder geef. Allegearre omkearingen. It is oanpassen. Oars net.”


Anke Hartlief- Foekema

De dochter , de ûnderwizeres. (1956)

“Us heit wie der noait. Noait. Altyd fuort. As ik no werom tink oan myn bernetiid, dan stoppe der foar myn gefoel alle jûnen om sân oere hinne in autoke foar de doar. Alle kearen in oaren ien. Fergaderje hjir, fergaderje dêr, fergaderje wit ik wêr.

En ús mem sei neat. Se wie stil. Wiete eagen en in inkelde trien.

Mear net doe. Tiidkoarting en ôflieding genôch mei fjouwer lytse bern tusken de twa en de njoggen. Drege hossels. Mem stie der yn wêzen allinne foar.

En at ús heit thús wie, siet er yn ‘e keamer. By de hege tafel. En dêr mochten wy net komme. Krantelêze, gauris opsternaat mei himsels allinne. En allegeduerigen dy smoarge ratteljende typemasine.

Woltrêsten seine wy mei de holle om ‘e hoeke fan ‘e doar.

Gauris hie er in prater of hy moast  him troch steapels papieren hinne wrakselje.

Seis jier hat er foar de PSP yn de gemeenteried sitten. Dêr hie er ek altyd fan dy oerdreaune ideeën. Mear as in heal minskelibben hat er by de Fryske beweging west. It is bêst wol in leave man, mar hy wie sa yn beslach nommen. Altyd. Us seach er net. Under iten, ivich en altyd dat geseur, dat de lju harren fierstente gau ferbrutsen. Altyd alles ferbetterje. Dêr krigen je wat fan. Wy koene gjin goeddwaan. Ienkear rûn it ús mem oer de hege skuon. Se rûn nei de keamer, sjoude mei de typemasine troch de keuken en smiet him achter op ‘e tegels.

Je moatte ergens foar stean. It is syn kredo, noch altyd. At it mar Frysk of sosjalistysk wie en it leafste beide tagelyk. Heit koe net harkje. Sa’t hy it sei, sa wie it. Ik ha it wolris besocht, mar it slagge net.

Gjin tsjinspraak of diskusje mooglik. En sa sunich! Sa sunich!

Altyd alles bewarje, it koe noch brûkt wurde. Altyd krige ik de klean fan myn âldste suster. Noait ris wat nijs.

En wat ha ik my ergere oan ús heit syn geitewollen sokken.

En oan dy ivige Jezus-nikes. No wit ik wol, wy hiene it net breed. Mar sa griis as ús heit oanklaaid wie! Sa hoegde it no ek wer net.

Us heit moast neat fan de tsjerke ha. Mar at der earne yn it Frysk preke waard, gong er dêr sa no en dan wol hinne ek al wie de dominy grifformeard. Foar de goeie saak.

Hy ferbruts him noait. Noait. Never. Ik fûn dat sa ûnfatsoenlik.

Hy prate altyd Frysk tsjin ús Brabânske buorlju. En myn âldste broer wie gjin hier better. Yn it begjin ferstiene dy minsken der neat fan fansels.

Se glimken mar wat. Mei in omwei kamen se der fia my achter wat ús heit no presys bedoeld hie. Ik skamme my dea. Dat dogge je toch net.

Ik learde Hollâns by deselde  buorlju en dat fûn ik prachtich. Dat fûn ik ynteressant. No wie it dêr yn ‘e hûs ek leuker. By ús heardest allinne mar oft de brief oan muoike Jant al klear wie.

En altyd moasten we mei. Boekesutelje, abonnee-winne. Op de Warnsbetinking moasten wy yn in koarke meisjonge. Ik ha dêr ek wol gedichten 

foardroegen. It wie dêr altyd kâld mei dy kliber gryskoppen om de stien hinne. En allegearre fan dy alpinopetten.

Fan ‘e P.A. ôf  kaam ik op in twatalige skoalle. Ik waard beneamd omdat ik ien fan ús heit wie. Dat hie noait wêze moatten. Ik fûn dat ik Hollânsktalige bern yn it Hollâns benaderje moast. It Hoofd op ien ein.

Myn hâlding like nergens op. Dat moast ús heit ris witte. Krekt as hie dy der wat mei noadich. De skoalle hie no ienkear sa’n fisy. Twatalich ûnderwiis. En safolle mooglik Frysk as fiertaal. Ik sei OK. Ik doch wat moat. Ik die net mear as noadich wie. Us heit net baas yn myn wurk.

Ik fûn dat de skoalle gewoan ûnfatsoenlik wie nei de âlden ta.

Alle briefkes gongen yn it Frysk ta de doar út. Der wiene heiten en memmen, dy’t absolút net begrepen, wêr’t de nijsbriefkes oer giene.

Soks kin toch net. Ja sei de direkteur, ja sei ús heit. Dan leare se it op syn gaust.

En dan de âlderjûnen. Wat is de fiertaal? Frysk fansels. Ja, mar dan binne der âlden dy’t it net begripe. At se it net begripe, freegje se mar. Dat diene se net, fansels. De lju knikten mar wat. Heechút fungearde in buorfrou as tolk. Te healwiis foar wurden. Doe’t der ris twa heiten en twa memmen de arguminten fan de direkteur net akseptearden, wie it mis. Dy gongen nei hûs. Doe wiene de rapen gear. Doe kaam der gemiter.

De messen waarden slipe. Foar en tsjin.

Doe die neffens my bliken, dat der te min draachflak wie.

En dat krigen se letter foar de kiezzen.

Wat in gedonder mei de âlden. De ymport moast der neat fan ha. En doe begûn ek de swijende mearderheid him te roeren. It naaide der út op ‘e âlderjûnen.

Alle kearen moast it hoofd de saak mar wer ferdedigje. Deskundigen der by. Dy lju ornearren, dat der hoeden en foarsichtich mei beide talen omgien wurde moast. Rjochtdwaan oan beide talen. Twatalichheid wie in ferriking. An me hoela. De Fryske bern rinne sowieso al achter, krije se dat drege taaltsje der ek noch by. Mar ja it is ferplichte. It moast, it moat. Krekt as by ús thús. Dus kursus dit, kursus dat. Applikeare. As ha je oars neat te dwaan.

Frysk op skoalle. Dy ferplichting seach ik niks yn en noch net.

Wat moatte se der mei? Dy Hollânse bern. En dan de bûtenlanners, belachlik toch. Wy ha der ek gjin tiid foar. Der moat sa’n soad gebeure.

De bern reitsje folslein yn ‘e war.

It is toch net mear fan dizze tiid. Bern moatte fierder yn de maatskippij fan hjoed. Je moatte it rom sjen. En dêr past it Frysk net yn. We ha mei Europa te krijen, mei de Euro.

Se moatte mondich wurde. Har rêde kinne. Se moatte goed Nederlâns prate kinne. En de tiid dy’t it Frysk kostet, kinne se better mar oan it Ingels besteegje.

Myn bern wurde grutbrocht yn it Nederlâns. Myn man is in Drint. Wy frijden yn it Hollâns, dus binne de bern der yn it Hollâns kommen en grut wurden. Dat wie pake min nei ’t sin. Ellenlange diskusjes. Oer en wer.

Mar hy prate Drints thús, heit. Dus prate wy Nederlâns.

Mar André wennet hjir al goed tsien jier, hy moat him skamje dat er noch gjin Frysk praat. Underwilens al hast tritich jier en hy docht it noch net. My bêst. Dat de bern ‘opa’ tsjin ús heit sizze is myn stille wraak.

Wy hawwe dit jier nei it fleanfeest op ‘e Ljouwerter basis west.

Us âldste wie harstikke entûsjast. Hy fertelde pake deroer.

Pake sei neat, die de jas oan gong der út en ried op hûs oan. Mem koe op ‘e bus. Hy hat noch net wer by ús west. Spitich. Ik kin it my ek wol wat  begripe. Hy is sa’t er is. Mar dêrom mei ik toch oars oer de dingen tinke. En ús bern kinne him hiel bêst ferstean. Dêr leit it net oan.

Ik ha myn âlde berop wer oppakt. Ik fal sa no en dan yn.

Ja op ‘e selde skoalle. Dy is no net mear twatalich.

It doarp is sa grut wurden, dat de skoalle ientalich wurden is.

Oanpast oan de ymport dus. Nederlâns mei in oerke Frysk yn ‘e wike.

Heit hat drege tiden. Hy is in iensum man tink ik.”


Jildert Foekema

De pakesizzer, de toanielspiler. (1975)

Us âlde Bles hat mannich prizen wûn

Us âlde Bles, gjin hynder koe sa rinne

Gjin better guds wie fier yn ’t rûn,

Gjinien koe ’t fan him winne.

Mar no is er âld en stiif en blyn,

Hy kin gjin fracht mear lûke.

Der sit gjin fleur en tier mear yn,

Wy kin him net mear brûke.

Ik ken it noch. Sa út ‘e holle, Us âlde Bles, in rymstik fan Piter Jelles.

Ha ’k fan ús pake leard. Foar myn earste foardrachtkriich. Us pake wurdt ek âlder. Hy is wat dôf, mar fierder noch goed helder. Pake is in fûle keardel. Ik mei graach oer him. Hy is noch gjin âld guds. O heden nee. In man mei prinsipes. Op it mêd fan it Frysk en ek yn de polityk.

Hy mocht graach toanielspylje. En de earste foardracht haw ik fan him leard. Ik wie in soad by ús pake-en-dy. Wy wennen yn itselde doarp.

Us heit en mem wurken beide, dat ik wie tusken de middei altyd by ús pake en beppe te iten. En soms ek nei healwei fjouweren.

Us pake ferbettere myn Frysk praten altyd. Mar ik leau net dat ik dêr minder fan wurden bin. Ik ha gjin lêst fan omkearingen.

Op ‘e legere skoalle praten wy Frysk. Mei in pear net.

Dêr praten wy Hollâns mei. Ja wêrom? Omdat se Hollâns praten. Ja dêrom. Der wiene ek bern by, dy’t net Frysk prate woene. 

Dat wie neipraterij fan heit en mem, tink ik.

Dat fertelde ik oan pake en beppe. En dan wûn pake him sa op.

Hy snapte it net. Hy waard suver mar lilk en opsternaat.

Dat snapte ik dan wer net. Wêr makke dy man him drok om.

Beppe sei, dat ik soks better mar net oan pake fertelle koe.

Dat ik Hollâns tsjin guon bern prate, haw ik dus mar net oan pake ferteld.

Oars hie ’k de folle laach krigen, bin ‘k bang.

Op ‘e middelbere skoalle praten wy Nederlâns.

Tsjin myn maten die ‘k dat net, mar mei de oaren waard allegearre Hollâns praat. Ik skamme my wol in bytsje foar myn aksint. Dat ik ha doe rap myn Hollâns byslipe. Dat Hollâns praten duorre salang oant je der achter kamen, dat der folle mear wiene, dy’t fan hûs út Frysk praten. Hiene Frysk-praters skoften Hollâns mei-elkoar praat yn ‘e pauzes. Dêr’t ik fan wist, dat se fan hûs út gewoanwei Frysk wiene, haw ik net wer Hollâns tsjin praat. Ik bin fuortendaliks op it Frysk oerskeakele. En absolút net omdat it moast of sa.

De oaren fûnen it raar, sy wiene wend om op skoalle Nederlâns te praten, altyd. Ik waard yn har eagen in soarte fan superfries, mar dat koe my net safolle skele. Ik waard dêrtroch suver wat fûler.

Wat kin ’t my skele, tocht ik.

En ik begûn ek tsjin de leararen Frysk te praten.

Op in stuit krige ik guons sa fier, dat se ek Frysk tsjin my praten.

Ik fûn it belachlik, dat leararen, dy’t wol Frysk kenne, altyd Nederlâns werom praten, as ik wat yn it Frysk frege. Ik snap dat no noch net. Se diene fierstente krampachtich oer it Frysk. Mar ik prate gewoan Frysk troch, hear. Ik bin no bliid, dat ik it praat, skriuw en lês. Ik skriuw trouwens faak yn it Frysk. Dat fyn ik normaal.

Ik fyn it belangryk, omdat as it der op oan komt, ik my yn it Frysk toch it bêste uterje kin. Boppedat, it is gewoan leuk.

En toch wurde jo iderkear yn allerhanne situaasjes mei jo Frysk wêzen konfrontearre. Ik haw ûnder tsjinst west. Jim sille begripe dat pake it leaver oars sjoen hie. Dat haw ik faak hearre moatten. Mar goed dat is wat oars, dêr giet it no net om.

Ik hie dêr wer itselde probleem, dat ik in Fryskprater wie, in boer dus.

Ik ha op ‘e nij wer myn bêst dien om mei it Hollâns sa’t ik dat prate aksepteare te wurden. Mei wat humor haw ik it oprêden. Mar toch…

Mar ik kaam der grutsk, grutsk op myn twatalichheid wer út. En pake bliid.

Der kaam in keapman oan ‘e doar,

Dy woe it bist wol fille

Dat oanbod naam ús heit net oan

It wie him net ta wille

Wat ha pake en ik dêr op omstammere. Hoe sizze jo dit, hoe leit de klam dêr. Ik wie amper tsien jier. Dat wie dus yn al syn primitiviteit omtouterje mei taal. Jûnen en jûnen gong dat sa troch. It wie hjir en dêr trouwens mar min Frysk fûn pake. Mar a la. Feruit! Ik wie spesjaal by har út fan hûs. En dan siet ik op bêd, mei it reade tekkentsje mei de griene fakken om my hinne.

En ik it mar opsizze en opsizze en opsizze. Dat barde frij fanatyk.

Dan tocht ik ferdomme dat iene wurdsje moat toch noch oars.

Ik siet yn ‘e fjirde of fyfde klasse. De toanielspilerij is by ús pake-en-dy begûn.

In toanielspiler wit as gjinien, dat taal emoasje is.

Dat wy de klassikers ek yn it Frysk spylje, makket jin bewust fan jins taal.

As Shakespeare yn it Frysk klinkt en spile wurdt, komt it in stik tichterby.

En soms wurdt yn ús fak taal ek betreklik. Wurdt dúdlik, dat taal net in barriêre hoecht te wêzen.

Wy spilen op in ynternasjonaal Festival earne yn it suden fan Frankryk, yn Nimes. Wy spilen ús stik yn it Frysk.

De Frânsen, Dútsers, Spanjoalen , Welshmen ferstiene it net. Mar se seagen en fielden wat der gebeurde. In klisjee miskien, mar doe die bliken dat gefoel ynternasjonaal is en dat elk syn eigen wurdsjes hat om in gefoel te omskriuwen. Asto in sêne goed spilest, en at dat no yn it Frysk, Russys of yn wat foar taal dan ek dien wurdt, dan hat sa’n sêne  jin by de kloaten. Ik fûn it hiel frappant, dat Spanjoalen neitiid seine, we wisten eksakt wêr’t it oer gong. It gefoel pakten se wol.

Ik bin grutsk op myn twa-, sis mar trijetalichheid.

It makket jin riker.  Ik ha in freondinne dy’t út Moskou wei komt.

Sy is troud mei in jonge hjirwei en se is no wakker Nederlâns oan it learen.

Dêryn pas ik my no oan. Ik praat Hollâns tsjin har. Se ferstiet noch gjin Frysk.

Mar dat komt grif. Earst it Nederlâns en dêrnei it Frysk,

sadat se ek yn de mienskip hjirre funksjonearje kin.

Der giselje yn ús kommunikaasje soms trije talen dwers troch elkoar hinne.

Der komt grif in dei, dat ik yn it Frysk tsjin har begjin.

Ast sjochst hoe’t bern dêr mei omgeane.

De bern fan myn buorlju seine lêsten, we ha no in nij famke op skoalle

en dy hat sa’n moai brún feltsje. Se praat al in bytsje oars, mar se sjongt de Fryske ferskes gewoan mei.

Gjin probleem. Wy meitsje it probleem, de âlden meitsje it probleem.

We moatte der net te krampachtich mei omgean.

Net sa as pake. Ik ha in soad respekt foar him, mar wat is er krampachtich.

En myn tante trouwens ek. It wurdt hjir in multykulturele mienskip en it Frysk moat dêr syn plakje yn sjen te finen. Mar der komt in tiid, dat de Russin Frysk praat en miskien ek wol tsjin har bern. Mar dat moat se sels witte. Twang giet foar my in stap te fier. Der moat romte bliuwe.

Ik ha no in jier as wat in relaasje mei in donker famke.

Wý frije trije-, fjouwertalich!!”

                                                         

                                                           Werom / boppe


Taheakke


1.      Programma Betinking Betinking Kneppelfreed 16 novimber 1951 – 16 novimber 2001 yn it Paleis fan Justysje te Ljouwert

                        Untfangst gasten mei mooglikheid de Kneppelfreed útstalling te besjen.                                                   

Dy útstalling is organisearre troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert yn ‘e mande mei it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, Justysje Ljouwert en de Plysje Fryslân.                                                                                                                   De eksposysje jout in byld fan wat bard is op Kneppelfreed (16 novimber 1951), de foarskiednis en de fierdere emansipaasje fan de Fryske taal nei 1951.

Fan 19 novimber e.k. ôf is de eksposysje trije wiken te besjen yn it Stedskantoar fan de gemeente Ljouwert, Oldehoofsterkerkhof 2. Mear ynformaasje is te finen yn de wiidweidige digitale útstalling op www.kneppelfreed.nl

15.30                             Oanfang programma

Koart wolkomstwurd troch drs. A.A.M. Brok, wethâlder kultuer fan de gemeente Ljouwert.

Utlis fan it programma troch de deifoarsitter drs. Johanneke Liemburg, boargemaster fan Littenseradiel. Hja is ek foarsitter fan de Provinsjale Kommisje fan it Europeesk Jier fan de Talen.

15.35                  Trije ynliedings

·      Kneppelfreed, inkele bespegelingen,

troch drs. P.R. Boomsma, skriuwer fan it boek ‘Kneppelfreed. Gevecht

om de taal met wapenstok en waterkanon’

·      Kneppelfreed: in aktueel ferhaal oer ûngelikense partijen,

troch dr. P. Hemminga, bestjoerskundige Fryske Akademy Ljouwert

·      Kneppelfreed yn Europeesk perspektyf,

troch drs. G.M. de Vries, steatssekretaris fan Binnenlânske Saken en     Keninkryksrelaasjes

Nei elke ynlieding jout it Frysk teaterselskip Tryater in koarte foarstelling.

                       

16.40                          Leeuwarder Kamerkoor 

Ferlieding 

Tekst fan Fedde Schurer /komponist Jan Veninga

Kom, rêd dy út de troebele stream fan dei en ding en feit

wer ta de kleare en suvere dream fan geast en ivichheid.

En it sil wêze as yn ‘t begjin en alle leed foarby.

En elke ûntroering sielsgewin en alle dingen nij.


En elke dei in aventoer en ‘t hert in ynstrumint

dat as de wynharp licht oerstjoer de tearste wizen fynt.

Dat as in paradys de wrâld opnij dy iepengiet

en elke wei bekend en âld in libben as in liet.

Kom, rêd dy út de troebele stream fan dei en ding en feit

wer ta de kleare en suvere dream fan geast en ivichheid.

                                   

Fryslân is in trijelûk foar koar mei begelieding fan harmoanium, dêr’t teksten yn brûkt binne fan W. Lolcama en Fedde Schurer. It wurk is bedoeld as warskôging oan de Friezen sunich te wêzen op harren lân en kultuer. It is spesjaal skreaun foar- en opdroegen oan it Leeuwarder Kamerkoor.

Yn it earste diel beskriuwt de dichter romantikus W. Lolcama de skientme fan it Fryske lânskip, sittend oan de wetterkant fan in poel, moarns betiid by it lemieren fan de dei. Stadichoan komt de natuer ta libben. De taskôger wurdt opnaam yn in útsinnige oerweldigjende skientme.

Yn it twadde diel: ‘t Is tiid, de grutte simmer is foarby’ klinke klokken oer dit wrydske lân, as lûden op ‘e eftergrûn, dy’t ús alert hâlde moatte dy skientme fan natuer en kultuer te behâlden. Om úteinlik yn diel trije net in liet fan weemoed sjonge te hoegen oer alles wat ferlern gie: “O liet út weemoed berne”. De lêste twa teksten binne fan Fedde Schurer.

Fryslân

De poel leit mei in diiz’ge dauwe oerdutsen.

De wrâld is lyts, alles leit yn slom.

Allinne ‘t fûgelt jout teken fan libben.

As rôp it oan ’e sinne: “freondinne, toe kom”.

Allinken begjint it oan ’e kime te klearjen.

Goud’ne pylken sparkje as fjoer.

Bemielje it wiid, wûnder fan kleuren.

Gruttens natuer.

‘t Is tiid, de grutte simmer is foarby.

Lis oer de sinnewizers dyn skaden

en oer de paden, jou de winen frij.

O liet, út djippe, dûnkere weemoed berne.

Do komst, as wrâld my alle hope ûntsei.

As ik yn treastleaze ienlikheid ferlerne.

                                  

Frysk Folksliet

17.00                           Ofsluting mei neisit


Tryater

Spesjaal foar dizze betinking hat de skriuwer/auteur en regisseur Romke Toering trije monologen skreaun ynspirearre op wat op Kneppelfreed bard is. Se geane benammen oer de posysje fan de Fryske taal doe, no en yn de takomst.

De monologen wurde spile troch Romke de Leeuw, Aly Bruinsma en Arnold Dijkstra.

Leeuwarder Kamerkoor

It Leeuwarder Kamerkoor hat yn de tweintich jier fan syn bestean bysûndere programma’s brocht, fan fyftjinde ieuske muzyk (Josquin, Obrecht) oant tweintichste ieuske nije muzyk (û.o. premiêre fan it Requiem fan Simon Pluister), mar ek hast alle grutte wurken fan J.S. Bach (o.a. Hohe Messe).

Wat opfalt is it lef en it entûsjasme wêrmei’t de sjongers út dit amateurkoar nije moderne muzyk en ûnbekende âlde muzyk oer ‘t fuotljocht bringe. “Leafde” foar de muzyk én it koar binne de driuwfear foar de yndividuele sjonger om dy muzikale ynspannings te ferrjochtsjen.

Leden fan it koar:

 

Sopranen:             Ankie de Haas, Marleen Kinzel, Sietske Pruiksma, Baukje Terpstra, Nynke Vlietstra, Mary-Ann Werger, Foekje Ybema

Alten:                           Afke Burghgraef, Jet Klaren, Sita Keegstra, Doutzen Ouderkerken, Annelies Tichelaar, Dorothea van der Veen, Jipke de Vries, Regina de Vries

Tenoaren:             Jan van Beijeren Bergen & Henegouwen, Jacques Boekholt, Jan Rienk Janssens, Ale de Jong, Jan de Jong, Martin Pilkes, Jinne Woudwijk

Bassen:             Obe Bruinsma, Peter Hogenhuis, Henk Pruiksma, Maarten Snel

Dirigint:             Hoite Pruiksma                                 

Korrespondinsje-adres Leeuwarder Kamerkoor: Kotterstraat 29, 8862 ZK Harns              

e-mail: info.lkk@planet.nl

Werom / boppe

2.      Demonstraasje

Op ‘e treppen fan it Paleis fan Justysje wie in demonstraasje organisearre troch de organisaasjes Eftrije, Bernlef, St. Fryske Klub Ljouwert, W.S.S.F.S. en de FRA. Der kamen sa’n tweintich studinten en oare aksjefiérders op ôf.

Bygeand de taspraak fan prof. dr. A. Feitsma, âld-heechlearaar Frysk oan ’e Vrije Universiteit, aksjepunten en oar demonstraasjemateriaal.


Kneppelfreed 16-11-2001

‘Fyftich jier lyn libben wy yn de tiid fan de goodwill. As jongerein fan doe moasten wy ús wat katoen hâlde. De Fryske beweging hie nei de oarloch sa’n soad berikt oan goodwill, dat wy de saak no net bedjerre moasten troch bolbjirkene en domdryste aksjes. Doe kaam Kneppelfreed en doe die bliken dat dy ûnferwachte botsing gâns mear goodwill opsmiet as in hiel soad tuike tuike spyljen fan dêrfoar.

No, fyftich jier nei kneppelfreed, binne de minsken al wer hiel optein oer de risseltaten fan de Fryske beweging. Lykas yn 1951 foar kneppelfreed giet it no yn 2001 wer o sa goed mei it Frysk. Dat súkses is, sizze de pommeranten, it gefolch fan de boartlike oanpak fan no. Sa te hearren is it nei de oarloch mei it Frysk gien dat it slydjaget. En dat súkses ha wy sa’t liket te tankjen oan de goodwill fan kneppelfreed en oan de boartlikens dêrnei. Dy goodwill en dy boartlikens ha mienskiplik dat wy oare minsken perfoarst net  lulk meitsje meie. No is it wol moai om yn frede mei de minsken te libjen, mar ûnderwilens moat der fansels ek wat dien en berikt wurde. En sjoch ik goed dat dat der op ‘t heden wol ris oan hat?

Ik sil net ûntstride dat der yn de rin fan de tiid wat lytse stapkes foarút set binne foar it Frysk. Mar om no te sizzen dat it mei it Frysk sa stadichoan in spultsje fan moai waar en lange dagen is; men soe it earder in spultsje fan kâlde fuotten neame kinne. Om in pear dingen te neamen.

Nei de oarloch bestiene der bloeiende tydskriften. No binne dy hast allegear fuort. Formeel is it mei it Frysk ûnderwiis wakker foarútgien, mar hoe stiet it mei ynhâld, kwaliteit en risseltaten dêrfan? Wat is eins it plak fan it Frysk yn it basis- en fuortset ûnderwiis fan tsjintwurdich? Kin de jongerein fan no wier better Frysk skriuwe as eardere generaasjes?

En soe it wier sa’n foarútgong wêze as ien fan de besteande twa Nederlânske universitêre opliedingen Frysk ferdwine soe, sa’t no driget te barren?

De maatskiplike posysje fan it Frysk is noch altyd mear basearre op geunst as op rjocht. Hoe komme wy oan in ridlike machtsposysje?

Wat berikt is foar it Frysk, is te tankjen oan dreech krewearjen fan eardere generaasjes fan bewegers. Dat wy dêrtroch ek wat mear romte foar in boartlike oanpak krige ha, is moai meinommen, mar as wy dy boartlikens ta dogma ferheffe, sa’t no wol ris liket te barren, dan ha wy dy risseltaten samar wer ferspile.

Der sil neat oars op sitte as it wurk fan eardere generaasjes fuort te setten en lykas syen de striid foar it Frysk oan te gean, Frysk is fun en al it oare komt dan fansels wol’.

Troch: prof. dr. A. Feitsma, âld-heechlearaar Frysk oan ’e Vrije Universiteit.

Werom / boppe

3.      Wat bliuwt...

Wat bliuwt fan de betinking fan Fyftich Jier Kneppelfreed is de website www.kneppelfreed.nl dy’t yn it ramt fan de betinking makke is troch it Histoarysk Sintrum Ljouwert yn ‘e mande mei it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en fertsjintwurdigers fan Plysje en Justysje yn Ljouwert.

De website jout in oersjoch fan de foarskiednis, it barren op It Saailân en yn it Paleis fan Justysje, de neisleep en de hjoeddeiske situaasje fan it Frysk en de beliedsmjittige ûntjouwings sûnt 1951.  Benammen nijsgjirrich binne de mooglikheden om te harkjen nei fragminten út de taspraak fan it 2e Keamerlid Scheps op ‘e protestgearkomste yn Sealen Schaaf en ek om de útstjoering fan de VPRO oer Kneppelfreed nochris te besjen.  De website iepenet ek mei in histoarysk fragmint: it orizjinele lûd fan ien fan de lieten dy’t songen waarden op de gearkomste yn Sealen Schaaf.  Wylst de besiker fan de website nei dit liet (Eala fria Fresena, tekst P.J. Troelstra) harket, sjocht er ek de tekst foarbykommen.

De measte besikers binne lykwols foaral entûsjast oer de ynhâld fan de site: in protte ynformaasje oer hast alle aspekten fan Kneppelfreed en de betsjutting fan dit barren foar de ûntjouwing fan it Frysk yn it offisjele ferkear en fan it taalbelied.

De website hat oant  april 2002 mear as 2500 besikers hân. In lytse kar út de oanmerkings út it Gasteboek fan ‘e website:

Wat in prachtige side is dit! Ik wie op syk nei ynformaasje oer Kneppelfreed. Ik hie der noch noait fan heard, mar no wit ik der alles fan.

Sjocht der goed út hear!

Een buitengewoon interessante en informatieve website! Mijn gelukwensen... (weet u of het mogelijk is om in den Haag of omgeving Fries te leren?)
 

Blinder, wat in side! Wy binne der wiis mei en optein.
 
Kwa foarmjouwing én ynformaasjewearde in geweldige side. Jim hiene der oars al hiel goede (histoaryske) siden by, mar dit is echt in ferriking fan it Frysktalige ferskaat op it web.

Jan Folkerts,

direkteur Histoarysk Sintrum Ljouwert.


En dan noch dit……

·        Troch it GCO Fryslân te Ljouwert wurd LinKk útbrocht (sjoch bygelyks www.gco.nl). It is in folslein Frysktalich tydskrift dat oanslút op de televyzjeprogramma’s mei deselde namme en it komt ien kear yn ‘e moanne út (7 kear jiers). It kin as selsstannich blêd lêzen wurde mar ek brûkt wurde by guon fakken op skoalle, lykas Frysk.
LinKk slút oan op dat wat spilet by de jongeren en fansels is der romte foar de eigen ynbring fan de lêzers!  De útjefte LinKk fan novimber 2001 gie oer it barren rûnom Kneppelfreed 1951 en de meartaligens yn de hjoeddeistige mienskip .

·        Troch de Ljouwerter band Dreun fan Teun is yn it ramt fan Kneppelfreed in cd útbrocht ûnder de titel Kneppelfreed. In eksimplaar fan de cd is foar 7 euro te keap fia Bart Dijkstra út Feanwâlden, tillefoan (0511)476236.

·        Ynformaasje oer it belied fan de gemeente Ljouwert op it mêd fan it Frysk is te krijen fia Klaas Zandberg, Postbus 21000, 8900 JA Ljouwert, tillefoan 058-2338786, email kzandberg@leeuwarden.nl

Werom / boppe

4.            Parseberjochten

De betinking fan Kneppelfreed krige ek omtinken fan ‘e parse. Op ‘e kommende siden in foarriedige risping.

Werom / boppe

5.            Kolofon

Tariedingsgroep Betinking Kneppelfreed:

Gemeente Ljouwert:

Nynke Doevelaar-Steenmeijer, Jan Folkerts,  Hedzer Klarenbeek, Annet de Ruiter en Klaas Zandberg

Ried fan de Fryske Beweging:

Geeske Krol

Iepenbier Ministearje:

Oebele Brouwer en Rieneke Kamminga

Redaksje ferslach Betinking Kneppelfreed: Redbad Veenbaas (Vrije Universiteit Amsterdam)

Printwurk: Gemeente Ljouwert

Utjefte: Gemeente Ljouwert, 2002.

Mei tank oan:

Nynke Beetstra Taalwurk Fryslân Wurdum, Hein Walsweer en Dineke Dam meiwurkers Histoarysk Sintrum Ljouwert, Tineke Steenmeijer-Wielenga FLMD Ljouwert, Douwe Huitema BW H ontwerpers Ljouwert, Piet Tuik Justysje Ljouwert, Peter Boomsma Drachten, Auke van der Goot Den Haag, dhr. Zondervan Brânwacht Smellingerlân (foar de brânspuit), Hilbert Akkerman Rotsterhaule (foar de polysjemotor), de Provinsjale Kommisje fan it Europeesk Jier fan de Talen, Ids Willemsma Easterwierrum, Jacob van Essen Het Hoge Noorden Ljouwert, Paul Terpstra Foto Hommema Frentsjer, Tom Sandijck Grafisch Ontwerpbureau Invorm Ljouwert, Willem Vreling GCO Ljouwert  en de Stichting Stedswachten Fryslân te Ljouwert.

It organisearjen fan aktiviteiten om Kneppelfreed 1951 – 2001 hinne is mooglik makke tanksij finansjele stipe fan:

Douwe Kalma Stifting, Je Maintiendrai Fryslân, Ried fan de Fryske Beweging, Ministearje fan Justysje, Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, Keunstekommisje Paleis fan Justysje, Ried fan Bestjoer Justysje Ljouwert, Plysje Midden Fryslân, Provinsje Fryslân, BV Friese Pers, Stichting Nieuwe Stadsweeshuis Ljouwert en de gemeente Ljouwert.


Werom / boppe