Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek

Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân ferklearre dat hja it foech hawwe om de offisjele stavering fan it Frysk fêst te stellen. Yn 1980 binne staveringswizigings trochfierd. Sûnt maart 1996 is troch de Fryske Akademy yn opdracht fan de Ministearjes fan Justysje en Binnenlânske Saken en fan de provinsje Fryslân wurke oan in Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek. Yn dat wurdboek dat krektlyn yn druk útjûn is, binne sa'n 15.000 lemmata opnommen.

Wurdboek
Foto Fryske Akademy
Wurdboek
Foto Fryske Akademy
   

Nijsgjirrige ynformaasje oer de skiednis fan it rjocht yn Fryslân en oer it Frysk yn it rjochts- en bestjoerlik ferkear is te finen ûnder de side fan Justysje te Ljouwert